O O O O O O O O O O

Tomke foarlêsferhaaltsjes yn it Biltsk

29 augustus 2018

LJOUWERT - De Tomke-foarlêsferhaaltsjes dy’t earder ferskynden yn de Weekkrant Fryslân en lettere bondele binne yn it boek ‘100 x Tomke’ wurde oersetten nei it Biltsk. Fan woansdei 29 augustus ôf binne de Biltske Tomke-ferhaaltsjes wykliks te lêzen yn de Bildtse Post.

Gerard de Jong, haadredakteur fan de Bildtse Post, is tige wiis mei de nije oanwînst foar syn krante. “De Bildtse Post siet ’t as kultuurdrager as hur taak om ’t brúkken fan de Bildtse taal te stimuleren. Tomke is ’t bekîndste, súksesfolste Frise foorleesprojekt foor klaine kines, ok op ’t Bildt. D’r binne al ’n paar boekys in ’t Bildts, maar ’n soad Bilkerts fine dat d’r te min Bildtse ferhalen binne foor peuters. Deur alle weken ’n nij, Bildts Tomke-ferhaaltsy met illustrasy te publiseren krije de haiten, mimmen, pakes en beppen op ‘t Bildt d’r ’n heel soad foorleesferhaaltsys bij. Der is behoefte an, en wij binne och soa wiis dat de Afûk ’t Bildtse belang onderstreekt en wij de samenwerking angaan kinne.”

De Tomke-ferhaaltjes, earder skreaun troch Riemkje Pitstra en Auck Peanstra, wurde yn it Biltsk omset troch Sytse Buwalda en Leendert Ferwerda fan fertaalburo BildtTaal. De yllustraasjes binne fan Tomke-yllustrator Luuk Klazenga.

Oer it Tomke projekt
Tomke is in foarlês- en taalstimulearringsprogramma yn it Frysk foar pjutten. It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêze, ferskes sjonge, (taal)spultsjes en oandacht foar de deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk: bern dy’t harren memmetaal goed behearskje, kinne makliker in oare taal leare.
It jierlikse Tomke-tydskriftke dat by de Fryske Foarlêswike fergees útdield wurdt oan alle pjutten yn Fryslân, is ek alle jierren yn in beheinde oplage beskikber yn it Stellingwerfsk en it Biltsk.

Produkten fan Tomke fynst fansels yn de Afûk boek- en kadowinkel yn Ljouwert en yn de websjop.
De betelpagina wurdt laden