O O O O O O O O O

Dolf Verroen en Mindert Dijkstra presintearje 'Bart & Bouke'

25 maaie 2018

Op tongersdei 31 maaie wurdt presintearre it twatalige berneboek:

Bart & Bouke

Skreaun troch Dolf Verroen en Mindert Wijnstra mei prachtige yllustraasjes fan Babs Wijnstra.

Bart en Bouke maile. Se meitsje kennis, se meitsje rûzje, se meitsje wille, mar se ha elkoar noch noait sjoen. Wurdt dat noch wat? Of net................

Bart en Bouke mailen. Ze maken kennis, ze maken ruzie, ze maken lol, maar ze hebben elkaar nog nooit gezien. Wordt dat nog wat? Of niet...................

Dolf Verroen en Mindert Wijnstra binne beide skoalskriuwers. Dolf yn it Nederlânsk en Mindert yn it Frysk. Tegearre binne se twatalich. Dêrom dit boekje!

Dolf Verroen en Mindert Wijnstra zijn beide schoolschrijvers. Dolf in het Nederlands en Mindert in het Fries. Vandaar dit boekje!

Oanbieding earste eksimplaar
It earste eksimplaar wurdt op tongersdei 31 maaie om 11.00 oere oanbean oan Kommissaris fan de Kening, Arno Brok.
De presintaasje fynt plak op de T.J. Roordaskoalle yn Wytgaard. De oanbieding betsjut tagelyk in moaie ôfsluting fan it trajekt van Dolf Verroen en Mindert Wijnstra as skoalskriuwers yn Wytgaard. Beide sette der in punt achter. Dolf Verroen wurdt 90 jier en Mindert Wijnstra wol it fanwegen syn sûnens wat kalmer oan dwaan: “Ït hat moai west”.
www.deschoolschrijver.nl

Programma
10.15 oere : ynrin
10.30 oere : ôfsluting programma van De schoolschrijver
11.00 oere : oanbieding earste eksimplaar
11.15 oere : oan it ein fan de presintaasje krije alle bern fan groep 3 o/m 8 in eksimplaar fan Bart & Bouke

Boekgegevens
Bart & Bouke
Dolf Verroen en Mindert Wijnstra
Yllustraasjes: Babs Wijnstra
Utfiering: Ynbûn
ISBN: 978 9492176868
Ferkeappriis: € 14,95
www.afuk.frl
De betelpagina wurdt laden