Hoe hawwe se dat regele by oare Fryske gemeenten? Hoe folje wy soks yn? Mar ek: hokker helpmiddels binne der foar it skriuwen fan in Fryske brief of notysje? De Afûk helpt graach by it meitinken oer – en ûntwikkeljen fan taalbelied en by de útfiering dêrfan. By gemeenten en oare oerheidsynstellingen, mar ek by soarch- of wolwêzensorganisaasjes. Op gemeentenenfrysk.nl fynst mear ynformaasje oer taal- en kultuerbelied, best-practices en ynformaasje en advys oer it Frysk by de oerheid.