header_0

Praat mar Frysk

Praat mar Frysk is de leukste kampanje fan Fryslân en elkenien kin meidwaan! Kinst ús 'like' op ús Facebook-Fanpage, kinst ús folgje fia Twitter, fergees promoasjemateriaal bestelle of dyn Praat mar Frysk-idee ynstjoere fia de website! Hoe leuk is dat?

Mei de Praat mar Frysk-kampanje wolle wy Friezen bewust meitsje fan ús taal en identiteit en de mearwearde sjen litte fan ús meartaligens. Simpel sein: drompels fuortnimme om it Frysk te brûken. Praat mar Frysk by de bakker, bank, dokter, it gemeenteloket, yn de bus en op it sportfjild omdat it kin!

Sjoch ris op ús webside: www.praatmarfrysk.nl

Mear ynformaasje? Nim kontakt op mei Mirjam Vellinga: m.vellinga@afuk.nl
De betelpagina wurdt laden