header_0

Frysk yn it primêr ûnderwiis

Sûnt 2013 wurdt wurke oan de opfolger fan de basisskoallemetoade Studio F. De Afûk is drok dwaande mei it ûntwikkkeljen fan in digitale omjouwing (ynklusyf edukative games) foar it Frysk yn it primêr ûnderwiis.

Doel is om ta in oantreklik edukatyf platfoarm te kommen dat gebrûk makket fan de nijste media (lykas tablets en digibuorden), mei oandacht foar persoanlike learrûtes en romte foar effektive taalgames. Om ta in moai, fleksibel, útnûgjend en wurkber pakket oan (metoade)materialen te kommen, wurkje wy gear mei ferskate partijen, lykas Cedin, de learare-opliedingen, taalkoördinatoaren, leararen en skoalbestjoeren.

De planning is dat yn 2016 de opfolger fan Studio F klear wêze sil. Mei help fan de wurkgroepen, dêr’t dosinten, taaleksperts, ûnderwiiskundigen, materiaalûntwikkelers en kurrikulumeksperts yn sitte, binne trije konsepten fan digitale metoade ûntwikkele. Dizze metoadefarianten sille yn it skoaljier 2015-2016 test wurde yn pilots. Mear as 30 basisskoallen hawwe harren oanmeld foar dizze pilot.

Der wurdt fierder wurke om de relevante learynhâlden fan Afûk, Cedin en Studio F op te nimmen yn it digitale platfoarm. Der wurde metoadematerialen, evaluaasjes en toetsen oanpast en makke op basis fan de útkomsten fan it wurk fan de wurkgroepen en it referinsjeramt Frysk (rrF). De edukative games dy’t makke binne en wurde, krije in yntegraal plak yn de learomjouwing. It learlingfolchsysteem sil yn it ramt fan it projekt “Evaluaasjesysteem Frysk” fierder ûntwikkele wurde en kriget in ferbining mei de metoade.

Mear ynformaasje? Sjoch op www.lesjaan.frl of nim kontakt op mei Lisa Boersma: l.boersma@afuk.nl.
De betelpagina wurdt laden