O O O

Sinteklaas-skoechboekje fan Tomke

20 novimber 2017

Tomke hat wat bysûnders foar jim: in spesjaal Sinteklaas-skoechboekje! In boekje mei ferhaaltsjes, ferskes, spultsjes en kleurplaten. It Tomke-skoechboekje is te krijen by de boekhannels en te bestellen yn de websjop fan de Afûk.



Sjoch hjir foar noch mear ferhaaltsjes, ferskes en oare aktiviteiten oer Sinteklaas.


Eeltsje Hettinga is de earste Dichter fan Fryslân

16 novimber 2017

Eeltsje Hettinga is keazen as de alderearste Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Hy wûn de ferkiezing mei it fers ‘Under de steden’. Deputearre Sietske Poepjes beneamt de Dichter fan Fryslân op 24 novimber yn de Herman Gorterkerk te Balk.

As Dichter fan Fryslân is Hettinga de kommende twa jier poëtysk ambassadeur. Hy skriuwt seis oant tsien gedichten jiers, leafst ynspirearre troch opfallende en aktuele saken yn de provinsje. De Dichter fan Fryslân kriget dêr in fêste fergoeding foar fan € 2.500,- jiers en
€ 250,- foar elk gedicht. De sjuery bestiet út Obe Alkema, Peter van Lier en Tamara Schoppert .

Eeltsje Hettinga
Eeltsje Hettinga (1955) is skriuwer, dichter en sjoernalist. Hy publisearre fiif poëzybondels.
Syn debút ‘Akten fan Winter’ (1998) waard bekroand mei de trijejierlikse Fedde Schurerpriis fan de provinsje Fryslân. Foar syn poëzy krige er fjouwer kear de Rely Jorritsmapriis. Syn bondel ‘Ikader’ waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013. Yn ‘e mande mei fideokeunstner Lotte Middendorp makke Hettinga it poëzyprojekt ‘It Font’ dat yn 2016 te sjen wie yn Museum Belvédère en it Fries Museum.

It projekt 'Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy. Mear ynformaasje oer de Dichter fan Fryslân is te finen op de website: http://dichterfanfryslan.nl/.


UNDER DE STEDEN

Fannacht ferve in snijen alle klokken wyt.
Kaaien en fabriken, pleinen en skippen,
alles lei te sliepen.
Dêr’t ik omdangele, heal yn mysels ferrûn,
seach ik yn blau lantearneljocht
in heit, in broer en
it jachtsjen fan har skaden,
swart as de hynsters dy’t har ienris
troch liet en lichem draafden.
Ticht leine alle fivers en grêften
ûnder de winterhimel, in sark.
Njonken de Blokhúspoart stie ik as in muorre.

By de sonoare klanken fan in lege saks
blafte in hûn in kâlde ûnrêst.
Fierderop kaam in skip fan syn kaaien los,
briek mei geweld
troch it kreakjende iis,
ferswevend ûnder nacht syn steden.
Ik seach de skaden fan in heit, in broer,
in ferdwinen yn in hielal, sûnder tekens.
Fan alle wei en wegen bin ik
de ferlitten stêd, mei wenten en winkels en
in gerjochtsgebou, sûnder finsters.
Njonken de Blokhúspoart stie ik as in muorre.

Eeltsje Hettinga


Premjêre Yn dit lânskip leit myn libben: in film oer Fryske literatuer

3 novimber 2017

De leafde foar de Fryske taal en literatuer, dêr draait it om yn de film Yn dit lânskip leit myn libben, dy’t op 9 novimber feestlik yn premjêre giet by it Noordelijk Filmfestival.

Filmmakkers Halbe Piter Claus en Ismaël Lotz makken de film yn opdracht fan Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar. Yn 2018 sil de film trochrinnend yn Tresoar draaid wurde as ûnderdiel fan it LF2018-project Lân fan taal.

Mei de Fryske taal as ark, wurkje suksesfolle Fryske skriuwers Hylke Speerstra en Hilda Talsma yn de skriuwersarke fan skriuwer Rink van der Velde op ’e Feanhoop oan in ferhaal oer har persoanlike relaasje mei de Fryske literatuer. Sy rjochtsje har yn in brief ta in Fryske skriuwer út it ferline mei wa sy har ferbûn fiele. Keunsthistoarikus en kultuerkritikus Huub Mous lit syn ljocht skine oer de Fryske literatuer fan nei de Twadde Wrâldkriich en pleatst dy yn in Europeesk perspektyf. Sa ûntstiet der in byld fan in libbene Fryske taal mei histoaryske woartels yn Europa. Wêr komt de leafde foar de Fryske taal by Speerstra en Talsma wei? Hoe djip sit de eangst om har taal te ferliezen?

It gehiel waard yn sfearfolle filmbylden fêstlein troch Halbe Piter Claus, dy’t it senario skreau en ek de regy die. Sinematograaf Ismaël Lotz soarge foar it meinimmende kamerawurk en die ek de montaazje fan de produksje. De feestlike premjêre is yn oanwêzigens fan de filmmakkers en gasten út de Fryske literêre wrâld. Oanslutend is der in diskusje oer de takomst fan de Fryske literatuer, en der is in hapke en in drankje.

De premjêre fan Yn dit lânskip leit myn libben fynt plak op tongersdei 9 novimber 2017 yn De Harmonie yn Ljouwert.

Programma
• 14.30 - Ynlieding op de film troch Bert Looper
• Film
• Paneldiskusje oer Fryske literatuer
• 16.00 - Hapke en drankje

It projekt is ta stân kommen yn gearwurking mei FryslânDOK fan Omrop Fryslân.

Mei tank oan: Lân fan taal, Stifting FLMD, It Fryske Gea, Fries Film Archief, Simke Kloostermanhûs, Achmea, en Restaurant Het gerecht.


By de Afûk is ferskynd: It sinfol bestean fan Willem Verf

2 novimber 2017

It sinfol bestean is alwer de sânde roman fan Willem Verf. De beide haadpersoanen, Karin en Jitse, sechtigers, wurde nei mear as fjirtich jier ynienen konfrontearre mei in persoan út har jeugd, dêr’t se mei ôfkear oan weromtinke. Wat se mei dy man yn har idealistyske studintetiid meimakken is de reade tried yn dit boek. Dy reade tried is ferfrissele mei harren libbens fan no: beide maatskiplik belutsen, polityk aktyf en sykjend nei in sinfol lêste part fan harren libben. Mar dyselde man soarget no wer foar ûntregeling. Poëtyske passaazjes en skrinend realisme wikselje har ôf.

Willem Verf (Snits, 1949) debutearre yn 1982 mei de roman It bliuwt pielen, dêr’t hy yn 1980 al de oanmoedigingspriis fan it Rely Jorritsmafûns foar krigen hie. Yn 1984 ferskynde syn ferhalebondel In delgeande tiid, dêr’t er de Fedde Schurerpriis mei wûn. Trije jier letter wied er suksesfol mei de roman Tiid fan libjen. Neidat er yn 1993 it boekewikegeskink skreau, bleau it op literêr gebiet in skoft stil fanwege syn bannige wurk en politike aktiviteiten foar GrienLinks. Yn 2008 pakte er de pinne wer op mei It swijen net wurdich. It sinfol bestean is syn sânde boek.

Boek fan de Moanne

It sinfol bestean is útkeazen as Boek fan de Moanne yn novimber en desimber. It boek is o/m 31 desimber foar mar € 14,50 te keap yn de boekhannel.

Optredens
Op sneintemiddei 12 novimber om 15.30 oere yn de Schierstins yn Feanwâlden fersoargje Willem Verf en Ale S. van Zandbergen in literêre middei mei muzyk fan Jaap Louwes en op moandeitejûn 20 novimber om 19.30 oere yn de Bibleteek op It Hearrenfean.

Boekgegevens
It sinfol bestean
Auteur: Willem Verf
ISBN: 978 94 9217 6653
Aksjepriis o/m 31 desimber: € 14,50. Dêrnei € 19,50
Utfiering: paperback
Siden: 256
www.afuk.frl
www.boekfandemoanne.nl


Nij ferskynd: De Weddenskip, ferhalen út de Edda fan Lida Dykstra

30 oktober 2017

Lida Dykstra hat har foar har nijste boek ynspirearje litten troch de midsiuwske poëzy en ferhalen út sawol de poëzy-Edda as de proaza-Edda fan Snorri Sturluson en nimt de lêzer op boartlike wize mei nei de njoggen wrâlden fan de Noardske kosmos, dy’t bewenne wurde troch Asen, Wanen, reuzen, alfen, dwergen en minsken. It is in ramtfertelling wêryn’t de bline dichter Bernlef in lang liet sjongt oer de slûchslimme Loki, dy’t seis foarwerpen mei bysûndere krêften meitsje lit troch de dwergen fan Nidavellir.

De prachtige yllustraasjes -útfierd yn read, goud en swart- binne makke troch Nina Peckelsen. De runespreuken en motiven yn har ôfbyldings ha echt betsjutting. Sy liet har hjirby û.o. ynspirearje troch it boek Sorcerer’s Screed (Tsjoendersrede) fan de Iislander Jochum Magnús Eggertsson dy’t yn dit boek magyske spreuken út tachtich âlde manuskripten byinoar brocht.

It boek is in moaie opstap om yn de kunde te kommen mei de Noardske mytology foar sawol jeugd as folwoeksenen.

Boekgegevens
Titel: De Weddenskip
Auteur: Lida Dykstra
Yllustraasjes: Nina Peckelsen
Foarmjouwing: Peter Boersma
Utfiering: ynbûn, 144 siden
Priis: € 15,00

Ek te keap yn de Afûk websjop!


Boekewikegeskink Griet Op de Beeck ek yn it Frysk

23 oktober 2017

Het Boekenweekgeschenk van bestsellerauteur Griet Op de Beeck, Gezien de feiten, krijgt een Friese variant. De vertaling wordt gedaan door Jetske Bilker, krijgt de titel Mei it each op de feiten en wordt uitgegeven in het kader van Leeuwarden Culturele Hoofdstad van Europa 2018. Deze vertaling is een unicum: nooit eerder werd een Boekenweekgeschenk naar het Fries vertaald. Zowel het origineel als de Friese vertaling wordt tijdens de Boekenweek, zaterdag 10 t/m zondag 18 maart 2018, bij besteding van ten minste €12,50 aan Nederlandstalige boeken door de boekhandel cadeau gedaan en kan op de traditionele gratis reisdag van NS, de laatste zondag van de Boekenweek, worden gebruikt als treinkaartje.

CPNB-directeur Eppo van Nispen tot Sevenaer is alvast erg enthousiast: “Fantastisch dat deze vertaling er komt. Grappig ook dat de Friezen een speciaal voor hen in het Fries vertaald geschenk krijgen, terwijl de rest van Nederland het in het Vlaams geschreven verhaal gaat lezen. Fryslân boppe!” Griet Op de Beeck zelf voelt zich vereerd: “Mag een mens al het Boekenweekgeschenk voor haar rekening nemen, komt er zowaar ook nog een vertaling aan te pas. Ik reken er een beetje op dat een echte Fries me dat in die prachtige taal gaat voorlezen. Kortom: blije schrijver.” Ook de commissaris van de koning in Friesland, Arno Brok, is trots dat zijn provincie dit unicum beleeft: “Dit is een lovenswaardig initiatief. Wie niet Fries is, zou de Friese versie ook moeten willen lezen. Want dan merk je dat het Fries naast een officiële rijkstaal, ook een heel mooie rijke taal is. Na volgend jaar wil iedere Boekenweekgeschenkschrijver dat er voortaan een Friese versie komt.’’

Leeuwarden-Fryslân Culturele Hoofdstad van Europa 2018
Belangrijk onderdeel van LF2018 is 'Lân fan taal'. Daarin werken vele instituten en personen in Fryslân samen om de diversiteit van taal een toekomst te geven. Gedurende heel 2018 vieren we de taal met activiteiten, voorstellingen, kunstwerken, tentoonstellingen en ruimtelijke installaties in Leeuwarden en Friesland. Daarom hebben de CPNB en Boeken fan Fryslân, een project van de Afûk dat zich inzet voor de promotie van Friestalige boeken, besloten om het Boekenweekgeschenk gezamenlijk meertalig uit te geven. In 2019 zal Boeken fan Fryslân overigens weer een Boekenweekgeschenk van een Friese auteur uitbrengen.

Tijd voor Lezen

NS draagt lezen een warm hart toe, want lezen is de favoriete tijdsbesteding in de trein. NS werkt daarom, sinds 2001, samen met de Stichting Collectieve Propaganda van het Nederlandse Boek (CPNB). NS wil lezen toegankelijk maken voor een groot publiek. Lezen en treinreizen zijn immers onlosmakelijk met elkaar verbonden. NS ondersteunt jaarlijks drie campagnes van CPNB onder de noemer ‘Tijd voor Lezen’: de Boekenweek, de Kinderboekenweek en de NS Publieksprijs. Meer informatie is te vinden op www.ns.nl/tijdvoorlezen.


Earste eksimplaar 'Fûgels oan ús kusten' foar learlingen fan cbs De Griffel yn Ljussens

16 oktober 2017

Steffen Walentowitz skreau en tekene dit prachtige berneboek oer waadfûgels.

'Der falt hiel wat te ûntdekken: 42 kustfûgels mei harren geheimsinnige libbens yn twa talen, it Frysk út de Nederlânske provinsje Fryslân en it Platdútsk út East-Fryslân yn Dútslân.'

'Dat gifft en Bült to finnen: 42 Küstenvögels mit en besünner Leven un twee oll Spraken, dat Westfreeske in de nederlanske Provinz Freesland un dat Plattdüütske in de düütske Kuntrei Oostfreesland.'

Boekpresintaasje 42 Fûgels oan ús kusten/42 Vögels van uns Küsten

Friesch Dagblad 13/10/2017


Nij ferskynd: Sirkus PeM en de ûlewapper

10 oktober 2017

Skreaun troch Mindert Wijnstra en yllustrearre troch Babs Wijnstra

Pier en Marieke wenje neistelkoar. Se binne beide acht jier en dikke maatsjes. Ferfele dogge se harren noait. Se ha fantasy genôch en fine alle kearen wer wat nijs út. Op in dei sette se sels in hiele sirkusfoarstelling op tou - al giet net alles sa't se it bedoeld ha. Dy goeie bedoelings pakke wol faker ferkeard út by harren brike aventoeren. Mar hal hoe mâl oft it soms ek giet, meastal rint it dochs noch goed ôf. Teminsten... foar Pier en Marieke.

Fyftjin fleurige ferhalen foar jong en âld fan berneboekeskriuwer en ferhaleferteller Mindert Wijnstra. De ferhalen binne oarspronklik skreaun foar it televyzjeprogramma Fratsen fan Omrop Fryslân.

Boekpresintaasje
De boekpresintaasje fynt plak op woansdeitemiddei 11 oktober om 15.30 oere by de Boekpriuwerij op OBS Op ʼe Dobbe, Finne 42 yn Hallum.

Boekgegevens

Sirkus PeM
Auteur: Mindert Wijnstra
Yllustrator: Babs Wijnstra
Utfiering: Ynbûn
Siden: 87
ISBN 978 94 9217 651 6
Ferkeappriis: € 14,95
Sirkus PeM

De betelpagina wurdt laden