O O O

Willem Schoorstra skriuwt Frysk kadoboek 2019

23 maart 2018

Op fersyk fan Boeken fan Fryslân skriuwt Willem Schoorstra it Fryske Kadoboek 2019. Schoorstra (1959) krige yn 2005 de Fedde Schurerpriis foar Swarte Ingels. Neist it skriuwen fan romans hâldt Schoorstra him dwaande mei senario’s, radiokollums (Omrop Fryslân) en essays.

Letter dit jier wurdt it iepenloftspul Rêdbâd yn de teatertún fan Broeksterwâld opfierd. Dat is basearre op syn roman Rêdbâd – kronyk fan in kening. Fan dat boek ferskynt yn ’t foarjier in Nederlânske oersetting en in herdruk fan de Fryske ferzy.

Oer de skriuwer

Bekende boeken fan Willem Schoorstra binne syn romans Swarte Ingels (2004), Rêdbâd (2011) en Pier, de profesij fan bline Simen (2015). Meast resint ferskynde fan him de roman De nacht fan Mare (2017). Op dit stuit wurket hy oan in oersetting fan de ferneamde Poëtyske Edda en oan in nij boek, in psychologyske thriller. It wurk fan Willem Schoorstra ferskynt by útjouwerij Het Nieuwe Kanaal.


By de Afûk is ferskynd: De Koma-Korrektor, de debútroman fan Baukje Zijlstra

15 maart 2018

Krekt op it stuit dat Betty Vonk, korrektor by in krante, dwaande is in boek te skriuwen oer it Indië-ferline fan har heit Siemen Vonk, rekket er yn koma. Siemen hat him yn 1945 oanmelden as oarlochsfrijwilliger foar Indië, mar hat dêr by in aksje in befel wegere. Wylst Siemen - fertize yn hallusinaasjes - yn it sikehûs leit, giet Betty op ûndersyk út nei it wêrom fan dy wegering.

Wilens is der by de krante in reorganisaasje geande dy't Betty twingt sels ek in kar te meitsjen. Mar hoe dochst dat as der mear fragen as antwurden lykje te wêzen, en wat makket dat in minske "nee" seit as it derop oankomt? Safolle partijen, safolle ferhalen, mar ien ding is wis: it ferhaal kin altyd wer opnij ferteld wurde.

Oer de skriuwster
Baukje Zijlstra (1967) is redakteur en skriuwer, en hat ferhalen publisearre yn ûnder oaren Ensafh, Friesch Dagblad en Revisor. Se hat ferskate prizen wûn foar har ferhalen, wêrûnder trije kear in Rely Jorritsmapriis. De Koma-Korrektor is har debútroman.

Boekgegevens
De Koma-Korrektor
Auteur: Baukje Zijlstra
ISBN: 9789492176806
Utfiering: paperback
Ferkeappriis: € 17,50
Siden: 254

Ek te keap fia ús websjop!


Rely-priisfraach 2018 iepensteld

5 maart 2018

LJOUWERT – De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000. De ynstjoertermyn slút 12 maaie o.s.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en de beste fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd. Oant 1 jannewaris lêstlyn waard it bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns foarme troch b. en w. fan Littenseradiel, de gemeente fan Rely’s bertedoarp Jellum. Nei’t Littenseradiel op 1 jannewaris 2018 ophâlden is te bestean, hat de gemeente Ljouwert – dêr’t Jellum no ûnder falt – de priis op ’e noed nommen en de útfiering opdroegen oan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) te Ljouwert.

De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan ynfo@stiftingflmd.nl. Namme, adres en telefoannûmer en mailadres fan de ynstjoerders moatte yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery.

Foar mear ynformaasje sjoch de webside www.stiftingflmd.frl of skilje mei Antje Postma, tel. 0653127799.


Sipke syn Alvestêdetocht yn Bestseller60

1 maart 2018

Yn de Bestseller60 fan it CPNB stiet it krekt ferskynde twatalige Gouden Boekje Sipke syn Alvestêdetocht/Sipke's Elfstedentocht ûnderwilens al op nûmer 40.

Sipke syn Alvestêdetocht/Sipke's Elfstedentocht is in útjefte fan útjouwerij Rubinstein en útjouwerij Afûk, skreaun troch Lida Dykstra en prachtich yllustrearre troch Harmen van Straaten.

Mear witte of fuortendaliks bestelle? Sjoch dan hjir yn ús websjop.


Griet Op de Beeck haadgast op Boekefeest yn Ljouwert

23 febrewaris 2018

Fan 10 maart o/m 18 maart is de Nederlânske ‘Boekenweek’. Griet Op de Beeck skriuwt it boekewikegeskink Gezien de feiten dat fan’t jier foar de alderearste kear ek yn it Frysk ferskynt. De oersetting mei de titel: Sa’t it lân derhinne leit is fersoarge troch Jetske Bilker.

De Flaamske skriuwster Griet Op de Beeck is sneon 10 maart om 19.30 oere yn Schaaf City Theater yn Ljouwert te gast op it Boekefeest, tegearre mei in tal bekende Fryske skriuwsters.

Griet Op de Beeck is ien fan dé skriuwsters fan dit momint. Sy is haadgast op it Boekefeest en dat is in moaie oanlieding om ek fiif froulike Fryske auteurs in poadium te jaan op it Boekefeest. Dat binne Jetske Bilker, Hilda Talsma, Elske Schotanus, Baukje Zijlstra en Neeltje Bonnema.

Under lieding fan sjoernaliste Wendy Kennedy wurdt der ûnder oaren praat oer it fenomeen ‘froulju yn de literatuer’. Fansels is der ek omtinken foar harren wurk. Griet Op de Beeck fertelt benammen oer har eigen wurk en oer Gezien de feiten.

De jûn wurdt oplústere mei muzyk op vinyl út de jierren ‘50/’60 troch Radio Barkas.

In organisaasje fan Boeken fan Fryslân (Afûk) en Van der Velde Boeken.

Kaarten kostje yn de foarferkeap € 7,50 en binne te bestellen by de Afûk en online fia de websjop en by Van der Velde Boeken yn Ljouwert. Oan de kassa € 10,00.


Boekefeest 10 maart 2018 yn Schaaf City Theater

19 febrewaris 2018

Ta gelegenheid fan de start fan de Nederlânske boekewike en de feestlike presintaasje fan it boekewikegeskink yn it Frysk organisearret de Afûk yn gearwurking mei Van der Velde Boeken in boekeNfeest yn Schaaf City Theater yn Ljouwert. De jûn begjint om 19.30 oere.

Haadgast is Griet Op de Beeck. Fierder wurkje mei Jetske Bilker, Neeltje Bonnema, Baukje Zijlstra, Hilda Talsma, Elske Schotanus en Wendy Kennedy. De muzyk wurdt fersoarge troch Radio Barkas.

Kaarten foarferkeap € 7,50 by boekhannel Afûk / Van der Velde boeken of online via www.afuk.nl. Oan de kassa € 10,00.


Unyk twatalich Gouden Boekje: Sipke’s Elfstedentocht / Sipke syn Alvestêdetocht

16 febrewaris 2018

Utjouwerij Rubinstein en útjouwerij Afûk presintearje nije wike tiisdei 20 febrewaris in unyk twatalich Gouden Boekje:

Sipke’s Elfstedentocht / Sipke syn Alvestêdetocht

Skreaun troch Lida Dykstra mei prachtige yllustraasjes fan Harmen van Straaten.

Pake Pipermûs docht mei oan de Alvestêdetocht, dat fynt er it moaiste wat der is. Wat er net wit is dat Sipke, syn pakesizzer, stikem yn syn tas krûpt is, want Sipke woe ek sa graach meiride en Fryslân sjen.

Sipke’s Elfstedentocht / Sipke syn Alvestêdetocht ferskynt yn it ramt fan 65 jier Gouden Boekjes.

Aksje
Yn it boekje sit in iisstimpelkaart dêr’t elkenien dy’t it boekje hat yn de perioade fan 1 april – 1 oktober 2018 yn alle âlve stêden fergees in ijsje mei helje kin. By in folle stimpelkaart wachtet harren in ferrassing yn de Afûk winkel.

Oanbieding earste eksimplaar
It earste eksimplaar wurdt tiisdei 20 febrewaris om 11.00 oere oanbean oan Wiebe Wieling, foarsitter fan de Koninklijke Vereniging De Friese Elf Steden. Lida Dykstra en Harmen van Straaten lêze foar oan de bern fan de Albertine Agnesskoalle út Ljouwert.
De presintaasje fynt plak yn de Elfstedenhal, Fryslânplein 1 yn Ljouwert.

Boekgegevens
Sipke’s Elfstedentocht / Sipke syn Alvestêdetocht
Lida Dykstra
Yllustraasjes: Harmen van Straaten
Utfiering: Ynbûn
ISBN: 978 90 47625179
Ferkeappriis: € 7,50
www.websjop.afuk.nl
www.rubinstein.nl


Afûk en Van der Velde Boeken organisearje boekefeest

12 febrewaris 2018

Ta gelegenheid fan de start fan de Nederlânske boekewike en de feestlike presintaasje fan it boekewikegeskink yn it Frysk organisearret de Afûk yn gearwurking mei Van der Velde Boeken in boekefeest yn Schaaf City Theater yn Ljouwert. De jûn begjint om 19.30 oere.

Haadgast is Griet Op de Beeck. Fierder wurkje mei Jetske Bilker, Neeltje Bonnema, Baukje Zijlstra, Hilda Talsma, Elske Schotanus en Wendy Kennedy. De muzyk wurdt fersoarge troch Radio Barkas.

Kaarten foarferkeap €7,50 by boekhannel Afûk / Van Der Velde Boeken of online fia afuk.frl. Oan de kassa €10,00.

De betelpagina wurdt laden