header_0

Readspeaker: lit jo website Frysk prate

Tekst-nei-spraak software is in gaadlik helpmiddel foar minsken dy’t problemen hawwe mei lêzen troch in fisuele handicap, of dy’t it Frysk lêzen minder goed machtich binne. Yn de measte tapassingen rint in lêskursor mei by de spraak, sadat de brûker de struktuer fan de tekst folgje kin.
De Fryske ferzje kin fergees brûkt wurde yn de (non-profit) edukative sektor en in part fan de publike sektor. Nim kontakt op mei Sjoukje Jager fan de Afûk en fernim nei de mooglikheden.

Spika helpt dy mei lêzen en skriuwen

Spika is in helpmiddel ast problemen hast mei lêzen en skriuwen. Spika lêst teksten foar dy'tst oanwiist, selektearrest of sels yntikkest. Ek kin Spika teksten foarlêze dy'tst mei in lêspenne fan papier scanst.
Spika wurdt levere op in Flash Drive. Ast dy yn in frije USB-poarte fan dyn pc of notebook stekst, start Spika fuortdaliks fan de Flash Drive ôf. Der hoecht gjin software ynstallearre te wurden en it programma kin op mear as ien kompjûter brûkt wurde. Nim kontakt op mei Fluency en fernim nei de mooglikheden.
De betelpagina wurdt laden