header_0

Taal foar de soarch

Taal is bepalend foar it wolwêzen fan soarchfregers. Fiel ik my thús, fielt it fertroud, bin ik op myn gemak? Dat is wichtich foar minsken. En dat gefoel, sa docht út ûndersyk bliken, hinget gear mei de taal dy’t troch fersoargjenden sprutsen wurdt.

Taal bepaalt de ôfstân tusken fersoargjende en soarchfreger. In goed kontakt en in goede relaasje mei de soarchfreger hingje nau gear mei de kwaliteit fan de soarch dy’t jûn wurdt. It taalgebrûk bepaalt de ôfstân tusken fersoargjende en soarchfreger. It brûken fan de memmetaal makket dy ôfstân lytser, wylst it prate moatten fan de standerttaal dy ôfstân just grutter makket.

Under de namme taal voor de zorg rikt Dat wie doe sa ek nijsgjirrige (eftergrûn)ynformaasje oan foar liedingjaanden, direksjes en beliedsmakkers. Wat is bygelyks it belang fan taalbelied yn ’e soarch? Op hokker wize kinst taal sichtber meitsje yn de gebouwen en by de meiwurkers? Hoe ferhâldt taal him ta nije wet- en regeljouwing (wmo)? Sjoch op www.taalvoordezorg.nl foar mear ynformaasje.

Dat wie doe sa wurket gear mei soarchoanbieders om soarchfregers te stimulearjen yn soarchsituaasjes de eigen taal te brûken. Dat kin troch de oanbelangjende taal sichtber te meitsjen op de soarchlokaasje mei bygelyks posters en buttons, mar ek troch it oanbieden fan workshops oan de fersoargjenden.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.datwiedoesa.nl, of nim kontakt op mei Douwkje Douma.
De betelpagina wurdt laden