O O O

Tomke: ferhalen foar pjutten, ynformaasje foar grutten

Tomke is in mantsje dat mei syn hûntsje Romke, it buorfamke Yana Yu en Kornelia de Kangeroe in soad aventoeren belibbet. De ferhalen fan Tomke stean ticht by it deistich libben fan lytse bern. Bern werkenne harren sels yn de aventoeren; se reagearje op wat se sjogge en hearre. Sa wurdt lêzen mear!

Tomke is in foarlês- en taalstimulearringsprogramma yn it Frysk foar pjutten fan 2 o/m 4jier. It projekt wol âlders en profesjonele opfieders lykas pedagoagysk meiwurkers ynformearje oer it brûken fan de Fryske taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêze, ferskes sjonge, (taal)spultsjes en oandacht foar de deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk: bern dy’t harren memmetaal goed behearskje, kinne makliker in oare taal leare.

Yn 1997 ferskynde it earste boekje fan Tomke. Troch de jierren hinne is Tomke útgroeid ta in kompleet programma mei foarlêsboeken, telefyzjeútstjoerings, hânpoppen en in app. Materialen lykas ferhalen en spultsjes, mar ek ynformaasje oer Tomke en de Fryske Foarlêswike is te finen op www.tomke.nl. Kinst Tomke ek folgje fia Facebook en op Pinterest!

Mear ynformaasje? Nim kontakt op mei Lisa Boersma: l.boersma@afuk.nl of Tjitske van Dijk: tjitske.vandijk@afuk.nl.
De betelpagina wurdt laden