Tomke is in Frysk foarlês- en taalstimulearringsprogramma foar pjutten. It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn de omgong mei jonge bern. Foarlêze, ferskes sjonge, (taal)spultsjes en oandacht foar deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk.

Tomke is in mantsje dat mei syn hûntsje Romke, it buorfamke Yana Yu en Kornelia de Kangeroe in soad aventoeren belibbet. De ferhalen fan Tomke steane ticht by it deistich libben fan jonge bern. Bern werkenne harrensels yn de aventoeren; se reagearje op wat se sjogge en hearre. Sa wurdt lêzen mear!

It Tomke-projekt is in inisjatyf fan it Platfoarm Lêsbefoardering Fryslân. Mei FERS (it eardere Bibliotheek Service Fryslân), it Sintrum Frysktalige Berne-opfang SFBO en Cedin foarmet de Afûk de Tomke-wurkgroep.  Yn 1997 ferskynde it earste boekje fan Tomke. Troch de jierren hinne is it Tomke-projekt útgroeid ta in kompleet programma mei û.o. foarlêsboeken, telefyzjeútstjoerings, edukative materialen, hânpoppen en in app. Tomke is al mear as 25 jier in begryp foar Fryske pjutten. Lês mear oer it Tomke-projekt op www.tomke.nl.