PROJEKTKOÖRDINATOR foarskoalsk ûnderwiis m/f

De Afûk is dé kennisorganisaasje foar taaloerdracht en taalpromoasje yn Fryslân.

Mei produkten en projekten lykas Heit & Mem en Tomke jouwe wy al jierren omtinken oan foarskoalsk ûnderwiis en foarljochting oer meartalich opfieden. Dêrneist sil der yn 2018 yn it ramt fan Lân fan Taal in taletún ferrize yn de Prinsetún yn Ljouwert. In boarters- en ûntdekkingsplak foar û.o. pjutten en beukers. Foar dy projekten sykje wy in:


PROJEKTKOÖRDINATOR foarskoalsk ûnderwiis m/f
foar 36 oeren wyks


As projektkoördinator ûnderhâldsto de besteande kontakten en sikesto nije partners. Do bist ferantwurdlik foar it realisearjen fan projekten binnen de stelde kaders, mar der wurdt ek ferwachte datsto nije plannen ûntwikkelest. Om’t de gearwurking mei de ferskillende partners meastentiids foar langere tiid is, is it wichtich datsto in goede relaasje mei harren opboust.

Taken
- Opsetten en mei útfieren fan projekten op it mêd fan taalstimulearring en foarskoalsk ûnderwiis
- Untwikkeljen fan foarljochtingsmateriaal en -aktiviteiten foar sawol âlders as professionals oer taalstimulearring en it meartalich grutbringen fan bern
- Mei ynfolling jaan oan de aktiviteiten en produkten fan Heit & Mem (û.o. tydskrift, website, social media)
- Ferbiningen lizze tusken de ferskillende projekten en produkten, sawol yntern as ekstern

Funksjeprofyl
- Akademysk wurk- en tinknivo, by foarkar in oplieding op it mêd fan ûnderwiis (ûnderwiiskunde, taalkundige, dosint)
- Underfining mei social media en it skriuwen fan teksten foar in breed publyk
- Saakkundich op it mêd fan taallearen en meartaligens
- Praktyske wurkûnderfining yn it foarskoalsk ûnderwiis
- Goede kontaktuele eigenskippen
- Mûnlinge en by foarkar skriftlike behearsking fan it Frysk

De kontraktperioade is ynearsten ien jier mei útsjoch op in ferlinging fan noch in jier.

Foar mear ynformaasje oer de funksje kin o/m 20 july kontakt opnommen wurde mei Mirjam Vellinga (projektlieder taalpromoasje, m.vellinga@afuk.nl, tel. 058-2343070) of nei 20 july mei Koen Eekma (direkteur, k.eekma@afuk.nl, tel. 058-2343070).

Sollisitaasje foar 28 augustus 2017 graach maile oan c.vandervee@afuk.nl, foar de direkteur fan de Afûk, drs. K.J. Eekma.

tydlike MEIWURKER WINKEL m/f

De Afûk is yn Fryslân de organisaasje foar taalpromoasje, taaloerdracht en kultueroerdracht. De winkel fan de Afûk biedt in grut ferskaat fan boeken: fan berneboeken oant romans en wittenskiplike stúdzjes oer skiednis en taal. Dêrneist fynst yn ús winkel kaarten, tydskriften en allerhanne leuke kadootsjes en sûvenirs. Mar ek mei fragen oer ús taal of in kursus Frysk kinst dêr terjochte. As oanfolling op ús entûsjaste tiim fan meiwurkers sykje wy mei yngong fan 1 septimber o.s. in:


tydlike MEIWURKER WINKEL m/f
foar 24-32 oeren wyks (ynkl. sneons)


Taken
- ferkeap
- byhâlden webwinkel/sosjale media
- fakturearring
- ferwurkjen/ôfhanneljen bestellings webwinkel
- telefoan/baly
- oare foarkommende wurksumheden yn de winkel en de rest fan de organisaasje

Funksjeprofyl
- MBU, HAVO/VWO tinknivo
- niget oan en ûnderfining mei sosjale media
- ynteresse yn de Fryske taal en literatuer
- klantrjochte en kommersjeel ynsjoch
- goede kommunikative feardichheden
- in represintatyf foarkommen
- mûnlinge en skriftlike behearsking fan de Fryske taal

Wy biede
In noflike wurksfear, in beleanning oerienkomstich de KAO Wolwêzen en goede sekundêre arbeidsbetingsten.

Dyn sollisitaasje, ornearre foar de hear K.J. Eekma, direkteur fan de Afûk, graach foar 3 augustus 2017 maile oan c.vandervee@afuk.nl. Neam dêrby: fakatuere winkelmeiwurker.
Foar mear ynformaasje: Hermien van der Meer, h.vdmeer@afuk.nl, 058-2343070.
De betelpagina wurdt laden