Hokker direkteur helpt de Afûk fierder foarút?

De Afûk is in aktive, ûndernimmende organisaasje, dy’t as doel hat om de Fryske taal yn alle geledingen fan ús Fryske mienskip in folweardich plak te jaan. Dat kriget stal yn de mande mei en mei stipe fan û.o. provinsje en gemeenten, bedriuwslibben, ûnderwiis en kulturele ynstellingen. Sa is de Afûk bygelyks ién fan de organisaasjes yn Fryslân dy’t útfiering jout oan it provinsjaal taalbelied.



De misje fan de Afûk is: ferbine en diele. De Afûk wol har doelen noch better realisearje troch de eigen aktiviteiten mei dy fan oaren te ferbinen en de ekspertize op it mêd fan meartaligens fergrutsje troch kennis en ûnderfiningen te dielen.

Doelen fan de Afûk binne: taalpromoasje, taaloerdracht en kultueroerdracht. Omdat dy net los faninoar steane, wol de Afûk ek de gearhing tusken dy trije neistribje. De Afûk is dêrby rjochte op de folsleine Fryske mienskip, fan lytse pop oant âlderein. De Afûk wol Fryslân ferbine mei de wrâld en de wrâld mei Fryslân.

De middels dy't de Afûk dêrby brûkt binne mei it each op de trije haaddoelen byinoar brocht yn Stipepunt, Underwiis en Utjouwerij/winkel. De Afûk wol taal en meartaligens mear sichtber meitsje, nije gearwurkingsferbannen ta stân bringe tusken mienskippen yn en bûten Fryslân en nije ympulzen jaan oan it (kultuer)toerisme. De Afûk sjocht de partisipaasje yn 'Lân fan taal' as in wichtich middel om de folgjende stap te setten om har fierder te ûntwikkeljen.


Hokker direkteur helpt de Afûk fierder foarút?


De útdaging
De Afûk is in middelgrutte organisaasje en hat meiwurkers mei in heech kennisnivo, dy’t grutte en lytse projekten liede en stypje.
De Afûk wol graach de spil wêze yn it netwurk fan organisaasjes dy’t (foar in part) deselde misje en doelen diele. De Afûk is fan betinken dat sa’n gearwurking it bêste ta stân komt op grûn fan in mienskiplike taalaginda, dêr’t taalpromoasje, taaloerdracht, kultueroerdracht en ûndersyk mei-inoar ferbûn wurde.
De nije direkteur kriget dêryn de rol fan paadsljochter, it is de ferbinende netwurker. Hy of sy sil 'Lân fan taal' - mei kollega-organisaasjes - fierder stal jaan en op 'e kaart sette. 'Lân fan taal' is in spearpunt yn it ramt fan Ljouwert as Kulturele Haadstêd fan Europa 2018.
De direkteur hat in autonome fyzje op de takomst fan de organisaasje en dúdlike ideeën oer de rjochting dy’t it opgean moat.
Hy of sy is in ûndernimmer dy’t doart, in antenne hat foar ûntwikkelingen yn de omjouwing dy’t fan ynfloed binne op de Afûk as organisaasje, nije wurkterreinen oanboarret, bûten fertroude paden doart te gean om doelen te berikken en dat docht op in resultaatrjochte en doelfêste wize.

De nije direkteur is
- in persoan dy’t him of har linich beweecht yn in polityk, ûnderwiiskundich en kultureel krêftfjild en op in adekwate wize politike en maatskiplike winsken omset nei de organisaasje en yn produkten
- in stjoerman/-frou mei in grut ferantwurdlikheidsgefoel foar it hanneljen fan de organisaasje mar dy't ferantwurdlikheid ek doart te delegearjen
- in kultuerdrager dy't yn alles in foarbyldfunksje hat.

Koartsein: de nije direkteur is in moderne lieder dy't by steat is de organisaasje fierder te ûntwikkeljen, each hat foar talint en dat op in goede wize wit yn te setten en ûntwikkeling stimulearret.

Wat nimt de nije direkteur mei?
- Akademysk tink- en wurknivo
- Underfining as lieder fan in organisaasje of bedriuw
- Aktive behearsking fan de Fryske taal
- Kennis fan netwurkorganisaasjes
- Finansjeel bewustwêzen en politike sensitiviteit
- Kompetinsjes lykas: ûndernimmend, ferantwurdlikheidsgefoel, ynterpersoanlike feardichheden, fyzje, liederskip, netwurkje kinne, omjouwingsbewustwêzen en rjochte op resultaat

Wat biedt de Afûk?
Njonken in ynnovative, dynamyske en flotte organisaasje mei jonge professionals, biedt de Afûk in oantreklik arbeidsbetingstenpakket. It salaris is op syn heechst € 6.499,- by in oanstelling fan 36 oeren yn 'e wike (skaal 14 CAO Welzijn & Maatschappelijke Dienstverlening, 01-06-2016), ôfhinklik fan oplieding en ûnderfining.

De proseduere
Binne jo de geskikte kandidaat om as nije direkteur de Afûk fierder foarút te helpen, dan komme wy graach mei jo yn kontakt. Jo kinne jo reaksje oant uterlik 17 oktober 2017 stjoere nei bestjoer@afuk.nl mei fermelding fan fakatuere direkteur.
In selsbeoardielingsynstrumint en assessment binne ûnderdiel fan de proseduere.

Foar in wiidweidige beskriuwing fan it funksje- en kompetinsjeprofyl en ynformaasje oer de organisaasje:

- Funksje- en kompetinsjeprofyl direkteur Afûk
- Afûk - in moderne netwurkorganisaasje
- Liederskip en management yn de netwurkorganisaasje
- Beliedsplan 2016-2020
- Produktferslach 2016

edukatyf begelieders Taletún

Wy sykje dy!
Helpsto ús om fan Lân fan taal in grut súkses te meitsjen?


Yn 2018 wurdt Ljouwert-Fryslân de Kulturele Haadstêd fan Europa. Lân fan taal is dêr in wichtich ûnderdiel fan. Lân fan taal wol nije ûnderfiningen biede yn oare talen en dissiplinen ast faaks wend bist. Lân fan taal jout romte om it belang en it ferskaat fan taal kenne, ûnderfine en benammen fiele te learen. De Afûk realisearret foar Lân fan taal in Taletún en in Talepaviljoen yn de Prinsetún yn Ljouwert.

Taletún: boarters- en ûntdekkersplak foar bern


Yn 2018 feroaret de Prinsetún yn Ljouwert yn in Taletún! Krekt as blommen yn in echte tún groeit en bloeit dêr dan taal. Fan letter oant wurdsje, fan wurdsje oant sin, fan sin oant ferhaal oant boek oant … Yn de Taletún geane pjutten en bern út it basisûnderwiis op syk nei taal, boartsje se mei taal, belibje se taal en meitsje se taal.

De jongsten geane yn de Taletún op syk nei de freonen fan Tomke (pjutten) of Rinze de Kikkert (groep 1 en 2). Foar de bern fan groep 3, 4 en 5 giet der yn de tún in wrâld fan talen iepen: se geane op syk nei – en ûntdekke bekende mar ek ûnbekende talen en geheime boadskippen. Foar de groepen 6, 7 en 8 wachtet in spannend (taal)aventoer. Wat bart der mei dy as’t yn in lân komst wêr'tsto de taal net kinst?

Yn de perioade fan 31 maart o/m 28 oktober2018 ferwachtsje wy alle dagen (útsein de skoalfakânsjes) skoalgroepen yn de Taletún. Foar it begelieden fan dy groepen binne wy op syk nei

edukatyf begelieders Taletún


As edukatyf begelieder ûntfangst skoalgroepen, do joust ynstruksje en ynformaasje en begeliedst groepen troch de tún. Bist oansprekpunt foar dosinten/begelieders en bern, want do witst ommers hoe’t it sit en hoe’t it wurket.

- Do kinst bern entûsjastmearje;
- Do bist in ymprovisaasjetalint en kinst ynspylje op de groepsdynamyk;
- Do hast affiniteit mei taal, kultuer, edukaasje en frij spel
- Do bist beskikber foar op syn minst 5 skoaldagen (of mear) yn de perioade 31 maart o/m 28 oktober;
- Do bist de Fryske en Nederlânske taal machtich. Oare talen binne ek wolkom!

Wy biede
- in geweldige ûnderfining yn in machtige (wurk)omjouwing;
- in frijwilligers- en ûnkostefergoeding;
- de nedige ynformaasje en ynstruksje.

Wurklokaasje: Prinsetún, Ljouwert

Liket dy dit wat ta?


Stjoer dan fuortendaliks dyn persoanlike gegevens mei in koarte motivaasje oan Corry van der Vee: c.vandervee@afuk.nl. Wy nimme dan sa gau as mooglik kontakt mei dy op.
Wolst earst noch wat mear witte? Dat kin fansels. Stjoer dyn fragen mei in mailtsje oan Fokke Jagersma: f.jagersma@afuk.nl.

gasthearen en –froulju Talepaviljoen

Wy sykje dy!
Helpsto ús om fan Lân fan taal in grut súkses te meitsjen?


Yn 2018 wurdt Ljouwert-Fryslân de Kulturele Haadstêd fan Europa. Lân fan taal is dêr in wichtich ûnderdiel fan. Lân fan taal wol nije ûnderfiningen biede yn oare talen en dissiplinen ast faaks wend bist. Lân fan taal jout romte om it belang en it ferskaat fan taal kenne, ûnderfine en benammen fiele te learen. De Afûk realisearret foar Lân fan taal in Taletún en in Talepaviljoen yn de Prinsetún yn Ljouwert.

Talepaviljoen: de húskeamer fan talen


It Talepaviljoen is ít plak dêr’t it publyk yn de kunde komt mei in ferskaat oan taalmienskippen út Europa, Nederlân en Ljouwert.

It paviljoen is it moetingsplak foar taalmienskippen yn Lân fan taal. Op fêste mominten yn ’e wike wurde der optredens en oare aktiviteiten programmearre. De romte hat in iepen, útnûgjend en waarm karakter, dêr’t minsken graach harren tiid trochbringe. Yn it paviljoen kinst ek in bakje kofje krije en in hapke ite. De hoareka wurdt fersoarge troch BUOG yn gearwurking mei Hoor Friesland.

It dak fan it paviljoen rekket yn ‘e rin fan 2018 hielendal beklaaid mei moaiste wurden. Dy moaiste wurden wurde ynbrocht troch de taalmienskippen dy’t op besite binne mar ek oare besikers kinne harren moaiste wurd ôfjaan.

Yn de perioade fan 31 maart o/m 28 oktober hjitte wy alle dagen alderhande besikers wolkom. Hjirfoar binne wy op syk nei

gasthearen en –froulju Talepaviljoen


As gasthear of –frou ûntfangst gasten en ynformearrest harren oer de talen yn -, it programma fan - en it idee achter it Talepaviljoen. It giet dus nét om in hoareka-funksje.

- Do hast goeie sosjale feardichheden;
- Do stiest iepen foar oaren;
- Do bist ynteressearre yn taal en kultuer;
- Do kinst op syn minst likernôch 5x in tongersdeitejûn, sneontemiddei of sneintemiddei oanwêzich wêze (perioade 31 maart o/m 28 oktober);
- Do bist de Fryske, Nederlânske en leafst ek Ingelske taal machtich. Oare talen binne ek wolkom!

Wy biede dy
- in geweldige ûnderfining yn in machtige (wurk)omjouwing;
- in frijwilligers- en ûnkostefergoeding;
- de nedige ynformaasje en ynstruksje.

Wurklokaasje: Prinsetún, Ljouwert

Liket dy dit wol wat ta?


Stjoer dan fuortendaliks dyn persoanlike gegevens mei in koarte motivaasje oan Corry van der Vee: c.vandervee@afuk.nl. Wy nimme dan sa gau as mooglik kontakt mei dy op.
Wolst earst noch wat mear witte? Dat kin fansels. Stjoer dyn fragen mei in mailtsje oan Mirjam Vellinga: m.vellinga@afuk.nl.
De betelpagina wurdt laden