Foarskoalske perioade

Foar jonge bern yn 'e leeftyd fan 0-4 jier ûntwikkelt en koördinearret de Afûk ûnder oaren aktiviteiten dy’t rjochte binne op it stimulearjen fan in meartalige ûntwikkeling. Yn it ramt hjirfan wurdt wurdt bygelyks it Tomkeprojekt sa breed mooglik ynset, is der foar âlders de ynformaasjebrosjuere ‘Talen kleuren je leven’ makke en binne der in oantal apps lykas ‘Hantsjes yn ‘e hichte’, ‘Lytskes’ en ‘Boartsje mei Tomke’ ûntwikkele. De apps binne fergees te downloaden yn de App Store en Google Play Store.

Mear ynformaasje? Nim kontakt op mei Lisa Boersma: l.boersma@afuk.nl.
De betelpagina wurdt laden