3e printinge fan aktiviteitemap ‘Doch mear mei Tomke’ ferskynd
Mei de ‘Doch mear mei Tomke’- aktiviteitemap wurdt oan de hân fan 12 tema’s al pratend, lêzend, sjongend, dûnsjend, boartsjend en nifeljend de taalûntwikkeling fan bern stimulearre. Mar likegoed ek de emosjonele, sosjale en motoaryske ûntwikkeling.
Ynhâld
De map bestiet út 12 temaboekjes, praatplaten by de tema’s, deiritmekaarten en fansels in hantlieding. Nij yn de lêste printinge binne de QR-koades dy’t liede nei de Tomketeek en nei de ferskes op tomke.frl.
Bestelle
Wa’t de map bestelt, kin dy fergees ophelje by de Afûk boek- en kadowinkel yn Ljouwert. De map kin ek opstjoerd wurde, dan binne de kosten € 10,00 it pakket. Bestelle kin fia dit formulier.