Der wiene fan’t jier 156 eineksamenkandidaten Frysk. Dat klinkt miskien as in beskieden oantal, dochs is der sprake fan in opfallende groei yn it tal learlingen dat eineksamen Frysk docht. Ta fergelyk: seis jier lyn wienen it der noch 110 en yn 2019 en 2020 dienen respektyflik 146 en 145 learlingen it eksamen Frysk.
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed gie it oer it wurd ‘daaie’.
In moai nij simmernûmer leit wer fergees op in hiel soad plakken troch hiel Fryslân foar dy klear. Yn it blêd fynst dit kear û.o. bern yn it ferkear, hormoanen, oer leave omkes en tantes, oer bern op de yogamatte en noch folle mear.
‘Swalker’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân, skreaun foar it Arcadia-projekt Bosk: ‘Projekt Bosk is in mearke-eftige belibbing. It grien yn Ljouwert hat in bysûndere útwurking op foarbygongers. Minsken strike der as fûgels del en rinne sigesaagjend en fluitsjend troch nei harren wurk of ôfspraak. By Bosk heart poëzij.’
Snein 12 juny koe Ljouwert UNESCO City of Literature de 1.000e besiker wolkom hjitte by harren Arcadia-projekt Utsteld gelok. Yn Burdaard harken 35 minsken nei it ferhaal fan Jetske Bilker dat aktrise Tet Rozendal dêr foarlies. It wie de 37e dei fan de hûndert dagen wêrop’t foarlêzen wurdt.
Sneon 11 juny wie yn ús de winkel de bondelpresintaasje fan Minym ferweech / Minieme gebaren fan Peter van Lier. Yn dizze twatalige bondel hat de dichter in represintative kar makke út sân fan syn bondels. Elske Schotanus sette de gedichten oer yn it Frysk. Sy krige ek it earste eksimplaar oanbean.
Spultsjes foar lyts en grut binne der ek yn it Frysk, sawol digitaal as fysyk.
Praat mar Frysk giet gauris op ‘e kofje by bedriuwen dy’t it Frysk brûke. Wat smyt dat harren op? Besjoch de ûnderfiningen fan kollega-ûndernimmers op de webside fan Praat mar Frysk. Sels ek in Praat mar Frysk-bedriuwsfideo? Stjoer dan in mailtsje.
Neist Frysk en Nederlânsk wurde yn ‘e provinsje Fryslân ek ferskate net-Fryske streektalen sprutsen, dy’t yndield wurde kinne yn twa kategoryen. Yn it foarste plak binne der de Nedersaksyske dialekten, dy’t lânseigen binne yn ‘e súdeastlike râne fan ‘e provinsje.