Nij Frysktalich Sinteklaasboek
Der is wer in nije heit&mem!
Doch memory mei Keimpe de Krokodil

Nijs

De Afûkside fan sneon 7 desimber 2024

Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûk-side. De moanlikse Afûkside yn de LC en it FD stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut.

Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

‘Lighten up, Kim Jong-un’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Dit is de Afûk BoekeTIP10 fan desimber

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús BoekeTIP10. In boek fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten! Ek foar de moanne desimber […]

Workshop Frysk spesjaal foar útfeartboaden

De Afûk komt mei in workshop ‘Frysk foar boaden’ spesjaal ûntwikkele foar de útfeartboaden yn Fryslân. Doel fan it projekt ‘Flaterfrij Frysk yn rou-advertinsjes’ is dat boaden minsken op wei helpe kinne mei it opstellen fan moaie Fryske rou-advertinsjes. Want dêryn wurde noch bêst faak flaterkes makke.

Der is wer in nije heit&mem!

In moai nij hjerstnûmer fan de heit&mem leit wer fergees op in hiel soad plakken troch hiel Fryslân foar dy klear. Dit kear giet it yn de heit&mem oer: Frysk yn ’e klasse, help by opfieden, brânfeiligens, oer hoe’t je bern belûke by rou, de moaiste Fryske berneboeken en noch folle mear!

Nij! Keimpe-memory

De Afûk komt mei in útwreiding fan it Keimpe-assortimint. Neist in boek en in hânpop fan Keimpe de Krokodil, is der no ek in Keimpe-memory ûntwikkele! In moai spultsje om thús of yn de klasse te spyljen en sa boartsjendewei Fryske wurden te learen.

Bliuw op de hichte Meld jo oan foar de Afûk nijsbrief

Populêr

Dat wie doe sa

Frysk yn ’e soarch

Dat wie doe sa wurket gear mei soarchoanbieders om soarchfregers te stimulearjen om yn soarchsituaasjes de eigen taal te brûken. Dat kin troch de oanbelangjende taal sichtber te meitsjen op de soarchlokaasje mei bygelyks posters en buttons, mar ek troch it oanbieden fan workshops oan de fersoargjenden.

Korreksje- en oersethelp

Kinne wy dy helpe?

Bedriuwsfideo’s

Frysk foar bedriuwen

Praat mar Frysk giet gauris op ‘e kofje by bedriuwen dy’t it Frysk brûke. Wat smyt dat harren op? Besjoch de ûnderfiningen fan kollega-ûndernimmers op de webside fan Praat mar Frysk. Sels ek in Praat mar Frysk-bedriuwsfideo? Stjoer dan in mailtsje.

Skiednis fan it Frysk

Oer it Frysk

It Frysk ûntstie yn de iere midsiuwen. Doe krige it stal as aparte taal en begûn it him te ûnderskieden fan oare besibbe Germaanske dialekten, lykas it Aldingelsk.