De Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, freget, yn gearwurking mei It Skriuwersboun om de bêste Nederlânske oersetting fan syn gedicht ‘De redens fan it wurd’.
Arjan Hut is de kommende twa jier Wâlddichter fan Achtkarspelen. Arjan Hut (1976) is opgroeid yn Surhústerfean en wennet yn Ljouwert. Yn 2005 waard er keazen as earste stedsdichter fan Ljouwert.
Hjoed giet de poëzijwike los mei de ‘Nationale Gedichtendag’. Eeltsje Hettinga, Dichter fan Fryslân, skreau it gedicht ‘Winter’. Foar de leafhawwers fan poëzy yn Nederlân en Flaanderen binne dizze wike tal fan aktiviteiten op priemmen set. It gedicht is ek werom te lêzen yn it Friesch Dagblad en de Leeuwarder Courant fan hjoed en op […]
Op 1 febrewaris 2019 wurdt yn Museum Dokkum it nijste stripboek fan Skelte Braaksma presintearre: ‘Fete’, it nea earder fertelde ferhaal oer de striid tusken de Skieringers en de Fetkeapers.
Hoe giet it Wetterskip om mei it Frysk op kantoar? En wêrom is in kursus Frysk foar harren meiwurkers sa handich? Tsjek it filmke! Praat mar Frysk, ek by it Wetterskip!
Mei it each op it ferdwinen fan hieltyd mear lytse talen, hawwe de Feriene Naasjes 2019 útroppen ta The International Year of Indiginous Languages, it ynternasjonale jier fan de memmetalen (#IYIL2019). Hjoed, 28 jannewaris, fynt yn Parys de offisjele start plak fan de #IYIL2019 kampanje. It hiele jier troch sil omtinken frege wurde foar lytse […]
Wolst it Frysk ferstean, lêzen, praten of skriuwen leare? Of wolst mear witte oer Fryske literatuer of skiednis? Dan bist by de Afûk oan it goede adres. Al mear as 85 jier fersoarget de Afûk kursussen Frysk foar Frysktaligen en net-Frysktaligen, foar jong en âld, yn groepsferbân of online. Wy ha altyd in kursus dy’t […]
It Frysk ûntstie yn de iere midsiuwen. Doe krige it stal as aparte taal en begûn it him te ûnderskieden fan oare besibbe Germaanske dialekten, lykas it Aldingelsk.
Ast net yn de gelegenheid bist om in groepskursus te folgjen, is it ek mooglik om in selsstúdzje te dwaan. Kinst begjinne as it dy útkomt, en de lessen meitsje yn dyn eigen tempo.
Wolst sjen litte dat der Frysk tsjin dy praat wurde kin of datst it Frysk in waarm hert ta draachst, dan kinst fia de webshop fan Praat mar Frysk in ferskaat oan promoasjemateriaal bestelle. Sa as bygelyks de Praat mar Frysk-buttons, stikkers en posters. Hielendal fergees!
Opromming yn de Afûkwinkel: berneboeken, romans, poëzij …. moaie boeken foar lytse pryskes. Kom mar del!