Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. De moanlikse Afûkside yn de LC en it FD stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut.
Mirjam van Houten is skriuwer en yllustrator fan Frysktalige berneboeken. Mirjam har lêste boek Anton yn it museum is noch mar krekt út en krijt rûnom loovjende resinsjes. It boek is yn it Frysk én it Nederlânsk útbrocht, wat bydraacht oan de brede berikberens. Ciska Noordmans ynterviewde Mirjam oer dit prachtige printeboek mei dy bysûndere […]
Op tiisdei 1 july 2025 is op basisskoalle it Pompeblêd yn De Westereen it earste eksimplaar útrikt fan de nije Fryske lesboekjes Kreatyf Skriuwen en Staveringsline. Nei de presintaasje waard de earste offisjele Fryske les út de nije metoade jûn oan groep 7 fan ‘t Pompeblêd.
Under de namme De Gjalp presintearje Ensafh, de Moanne en RIXT twa iepen oproppen foar skriuwers en dichters. Makkers kinne har wurk ynstjoere foar publikaasje én foar in presintaasje op festivals. Dat is dit jier it gefal foar it Noordelijk Film Festival, dat yn novimber organisearre wurdt. Ynstjoere kin oant freed 1 augustus 2025.
Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]
Lêze is hiel wichtich foar de taalûntwikling fan bern. Op skoalle lêze de bern in soad en ynkoarten is it simmerfakânsje. Om bern te stimulearjen ék yn de simmerfakânsje troch te setten mei it lêzen, krije álle bern fan de groepen 6 yn Noardeast Fryslan in fakânsje-lêstaske oanbean!
Spultsjes foar lyts en grut binne der ek yn it Frysk, sawol digitaal as fysyk.
Neist Frysk en Nederlânsk wurde yn ‘e provinsje Fryslân ek ferskate net-Fryske streektalen sprutsen, dy’t yndield wurde kinne yn twa kategoryen. Yn it foarste plak binne der de Nedersaksyske dialekten, dy’t lânseigen binne yn ‘e súdeastlike râne fan ‘e provinsje.
Wolst it Frysk ferstean, lêzen, praten of skriuwen leare? Of wolst mear witte oer Fryske literatuer of skiednis? Dan bist by de Afûk oan it goede adres. Al mear as 90 jier fersoarget de Afûk kursussen Frysk foar Frysktaligen en net-Frysktaligen, foar jong en âld, yn groepsferbân of online. Wy ha altyd in kursus dy’t […]