wy ha de leukste kadootsjes foar de leafste heit
dit is de Afûk boeketip 10 foar juny
koronamaatregels Afûk

Nijs

Afûkside yn de Ljouwerter Krante

Fan juny oant en mei (foarearst) desimber 2020 ferskynt op alle earste sneonen fan de moanne in side fan de Afûk yn de Leeuwarder Courant. In side mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei ûnder oaren nijsgjirrige boeketips en in ‘blinder of blunder’. De earste is der moarn, sneon 6 juny […]

Sa’n hip Praat mar Frysk mûlekapke wolsto ek!

En dat kin! Se binne te keap yn ús Fryske boek- en kadowinkel oan de Bûterhoeke yn Ljouwert of te bestellen fia ús websjop.

Literêre projeksjes

Sûnt it begjin fan de lockdown ferskynt der alle jûnen by it ynfallen fan it tsjuster earne yn Ljouwert in tekst op in gebou. Leeuwarden UNESCO City of Literature helpt de makkers sûnt koart op lytse skaal troch sitaten fan Fryske dichters oan te leverjen.

Hilda Talsma skriuwt Frysk kadoboek 2021

Skriuwster Hilda Talsma (1971) út Warten sil it Fryske kadoboek 2021 skriuwe. Yn 2011 ferskynde har earste roman ‘De Twadde Hûd’. Meast resint ferskynde har njoggende roman ‘De Onnie’s en ‘It hynstebal’ (2019). Yn 2017 skreau se it jeugdboek ‘Slangen ûnder it bêd’ en it lêste diel fan de Wyn-trilogy ‘Wyn fan de winners’. Neist skriuwster is Hilda Talsma ek columnist […]

Fjouwer nije aventoeren fan Tomke!

By de Afûk binne fjouwer moaie nije rigeboekjes fan Tomke ferskynd. Foar alle seizoenen hat Geartsje Douma in moai ferhaal op rym skreaun. Luuk Klazenga soarge foar de oansprekkende yllustraasjes.

Deadline foar ynstjoerings lange koartproazajûn mei moanne ferlinge

Frysk literêr tydskrift Ensafh hat begjin fan it jier in oprop dien ta it skriuwen fan tige koarte ferhalen foar de Lange koartproazajûn dy’t op 27 novimber yn De Bogt fan Guné te Frjentsjer holden wurdt. De falbile wie 1 juny, mar dy is ferskood nei 1 july 2020. Wy meie fanwegen de koroanakrisis noch altiten […]

Bliuw op de hichte Meld jo oan foar de Afûk nijsbrief

Populêr

Promoasjemateriaal

Promoasjemateriaal en ynformaasje

Wolst sjen litte dat der Frysk tsjin dy praat wurde kin of datst it Frysk in waarm hert ta draachst, dan kinst fia de webshop fan Praat mar Frysk in ferskaat oan  promoasjemateriaal bestelle. Sa as bygelyks de Praat mar Frysk-buttons, stikkers en posters. Hielendal fergees!

Spultsje dwaan

Frije tiid

Spultsjes foar lyts en grut binne der ek yn it Frysk, sawol digitaal as fysyk.

Dat wie doe sa

Frysk yn ’e soarch

Dat wie doe sa wurket gear mei soarchoanbieders om soarchfregers te stimulearjen om yn soarchsituaasjes de eigen taal te brûken. Dat kin troch de oanbelangjende taal sichtber te meitsjen op de soarchlokaasje mei bygelyks posters en buttons, mar ek troch it oanbieden fan workshops oan de fersoargjenden.

Skiednis fan it Frysk

Oer it Frysk

It Frysk ûntstie yn de iere midsiuwen. Doe krige it stal as aparte taal en begûn it him te ûnderskieden fan oare besibbe Germaanske dialekten, lykas it Aldingelsk.