It like as moast Romke Toering yn sân hasten in punt achter it libben sette. En wat dogge jo dan mei de tiid dy’t der noch is? Romke pakte de pinne op en begûn te skriuwen dat it sta sei: koarte en langere ferhaaltsjes, gedichtsjes somtiden, in oade oan heit en mem, pakes en beppes, […]
Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús BoekeTIP10. In boek fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten! Nûmer 1 is net mear […]
Net fiksearre hûs is de sechsde poëzybondel fan Elske Kampen. Sy ropt hjiryn in wrâld op dy’t leit tusken de werklikheid fan in ienfâldich Ru-skaaltsje yn Museum Princessehof en de ûnwerklike thúskomst fan ien dy’t net bestie. Dichtsje is foar Elske in foarm fan oarderje en harmonij skeppe. De twang fan de fersfoarm twingt har om […]
Sytze de Haas (11 jier) út Jorwert wint de Lytse Gysbert Japicxpriis 2023, dé priis foar it bêste Fryske gedicht skreaun troch skoalbern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân. Op sneon 14 oktober kriget hy ‘De Gouden Fear’ en in oarkonde útrikt yn de Martinitsjerke yn Boalsert, op itselde stuit […]
Boeken fan Fryslân skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan it de ferhalejûn BoekHjerstBoek. Dy wurdt holden op freed 17 novimber om 20.00 oere yn kafee It Wapen fan Baarderadiel yn Jorwert. Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal te skriuwen mei it tema ‘Stoarm’.
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd ‘Stúsjekoard’.
Ast net yn de gelegenheid bist om in groepskursus te folgjen, is it ek mooglik om in selsstúdzje te dwaan. Kinst begjinne as it dy útkomt, en de lessen meitsje yn dyn eigen tempo.
Yn de Afûk boek- en kadowinkel yn Ljouwert kinst terjochte foar Fryske boeken, sawol foar folwoeksen as bern, mar ek foar kreamkadootsjes, klean en sûvenirs mei in Frysk tintsje. Boppedat binne der Frysktalige cd’d, dvd’s en games te krijen. En wa’t gek is op Tomke hat yn de winkel ek kar-út!De Afûkwinkel is te finen […]
Spultsjes foar lyts en grut binne der ek yn it Frysk, sawol digitaal as fysyk.