Wolkom by it Frysk Boekebal!
Wy sykje skriuwers en yllustrators
Kom ris del yn ús Fryske boek- en kadowinkel

Nijs

Oersetwedstriid Dichter fan Fryslân

De Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, freget, yn gearwurking mei It Skriuwersboun om de bêste Nederlânske oersetting fan syn gedicht ‘De redens fan it wurd’.

Arjan Hut nije Wâlddichter

Arjan Hut is de kommende twa jier Wâlddichter fan Achtkarspelen. Arjan Hut (1976) is opgroeid yn Surhústerfean en wennet yn Ljouwert. Yn 2005 waard er keazen as earste stedsdichter fan Ljouwert.

‘Winter’ troch de Dichter fan Fryslân

Hjoed giet de poëzijwike los mei de ‘Nationale Gedichtendag’. Eeltsje Hettinga, Dichter fan Fryslân, skreau it gedicht ‘Winter’. Foar de leafhawwers fan poëzy yn Nederlân en Flaanderen binne dizze wike tal fan aktiviteiten op priemmen set. It gedicht is ek werom te lêzen yn it Friesch Dagblad en de Leeuwarder Courant fan hjoed en op […]

Nij Frysk stripalbum oer Skieringers en Fetkeapers

Op 1 febrewaris 2019 wurdt yn Museum Dokkum it nijste stripboek fan Skelte Braaksma presintearre: ‘Fete’, it nea earder fertelde ferhaal oer de striid tusken de Skieringers en de Fetkeapers.

Praat mar Frysk op ’e kofje by Wetterskip Fryslân

Hoe giet it Wetterskip om mei it Frysk op kantoar? En wêrom is in kursus Frysk foar harren meiwurkers sa handich? Tsjek it filmke! Praat mar Frysk, ek by it Wetterskip!

Gearwurking Afûk, UNESCO en Wikitongues

Mei it each op it ferdwinen fan hieltyd mear lytse talen, hawwe de Feriene Naasjes 2019 útroppen ta The International Year of Indiginous Languages, it ynternasjonale jier fan de memmetalen (#IYIL2019). Hjoed, 28 jannewaris, fynt yn Parys de offisjele start plak fan de #IYIL2019 kampanje. It hiele jier troch sil omtinken frege wurde foar lytse […]

Bliuw op de hichte Meld jo oan foar de Afûk nijsbrief

Populêr

Apps

Spultsje dwaan

Fryske spultsjes spylje op dyn telefoan of tablet? Dat kin fansels ek. Op heit&mem fynst in oersjoch fan it oanbod. De measte spultsjes binne fergees. In moai oersjoch fan taalhelp-apps en games foar jong en âld fynst ek op www.taalhelp.frl. In lytse greep út it oanbod:

Kursus Frysk

Frije tiid

Wolst it Frysk ferstean, lêzen, praten of skriuwen leare? Of wolst mear witte oer Fryske literatuer of skiednis? Dan bist by de Afûk oan it goede adres. Al mear as 85 jier fersoarget de Afûk kursussen Frysk foar Frysktaligen en net-Frysktaligen, foar jong en âld, yn groepsferbân of online. Wy ha altyd in kursus dy’t […]

Bedriuwsfideo’s

Frysk foar bedriuwen

Praat mar Frysk giet gauris op ‘e kofje by bedriuwen dy’t it Frysk brûke. Wat smyt dat harren op? Besjoch de ûnderfiningen fan kollega-ûndernimmers op de webside fan Praat mar Frysk. Sels ek in Praat mar Frysk-bedriuwsfideo? Stjoer dan in mailtsje.

Selsstúdzje

Kursussen Frysk foar folwoeksenen

Ast net yn de gelegenheid bist om in groepskursus te folgjen, is it ek mooglik om in selsstúdzje te dwaan. Kinst begjinne as it dy útkomt, en de lessen meitsje yn dyn eigen tempo.