Op tongersdei 5 juny 2025 hawwe mbû-studinten in bysûnder meartalich glês-yn-lead-keunstwurk oanbean oan Bouwurk fan Arcadia, op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. It keunstwurk toant in betsjuttingsfolle relaasje fan de studinten mei de wrâld en in sterke identifikaasje mei de regio.
Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûk-side. De moanlikse Afûkside yn de LC en it FD stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut.
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra. Hjoed wie it de beurt oan de wurden: ûngetiid. Wat betsjut it? Wêr komt it wei?
Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús BoekeTIP10. In boek fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten! Fansels ha wy ek foar […]
Ha jim fan’t jier in ein-eksamenkandidaat yn ‘e hûs? Ferras dyn slagge bern de dei fan de útslach mei dizze superleuke, orizjinele Fryske slagge-flagge!
Ien kear yn de trije jier wurdt oan it bêste boek út de Fryske berneliteratuer de Simke Kloostermanpriis takend. Freed 23 maaie 2025 barde dat foar de fyftjinde kear. De priis gie nei ‘Jelle en Juf’, skreaun en yllustrearre troch Mirjam van Houten.
Tomke is in Frysk foarlês- en taalstimulearringsprogramma foar pjutten. It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn de omgong mei jonge bern. Foarlêze, ferskes sjonge, (taal)spultsjes en oandacht foar deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk.
Spultsjes foar lyts en grut binne der ek yn it Frysk, sawol digitaal as fysyk.
Yn de Afûk boek- en kadowinkel yn Ljouwert kinst terjochte foar Fryske boeken, sawol foar folwoeksen as bern, mar ek foar kreamkadootsjes, klean en sûvenirs mei in Frysk tintsje. Boppedat binne der Frysktalige cd’d, dvd’s en games te krijen. En wa’t gek is op Tomke hat yn de winkel ek kar-út!De Afûkwinkel is te finen […]
Neist Frysk en Nederlânsk wurde yn ‘e provinsje Fryslân ek ferskate net-Fryske streektalen sprutsen, dy’t yndield wurde kinne yn twa kategoryen. Yn it foarste plak binne der de Nedersaksyske dialekten, dy’t lânseigen binne yn ‘e súdeastlike râne fan ‘e provinsje.