Freed 1 novimber wurdt mei it Frysk Boekefeest yn De Kanselarij yn Ljouwert it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2024. Op dy feestlike jûn sil ek it Kadoboek ‘Wynroas’ fan Meindert Talma presintearre wurde. De Fryske Boekewike wurdt holden fan 2 o/m 10 novimber. It Kadoboek is yn de Fryske Boekewike fergees te krijen […]
Ferhalefertellers kinne har wer oanmelde foar de Verhalenavond. De organisaasje makket him op foar de sânde edysje fan it grutste ferhalen-evenemint yn Nederlân. Op 15 novimber sil hiel Fryslân byinoar komme om te harkjen nei ferhalen yn wenkeamers, musea, kafee’s, teäters, oerheidsgebouwen, bibleteken, ferieningen en bedriuwen.
In mylpeal fan 15.000 tiidwurden is berikt! De webside en web-app tiidwurden.frl fiere in kreas rekôr, mei tank oan alle ynstjoeringen fan besikers fan de webside. Der binne no 15.000 Fryske tiidwurden mei oersetting opnommen.
Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûk-side. De moanlikse Afûkside yn de LC en it FD stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut.
Nei it sukses fan ferhaleprojekt Utsteld gelok yn ’e earste edysje fan trijejierliks kultureel programma Arcadia yn 2022, komt Ljouwert UNESCO City of Literature yn 2025 mei Lyts gelok, ek wer yn it ramt fan Arcadia. En dêrfoar sykje sy skriuwers foar ferhalen, gedichten, strips, ferskes, oertinken, ensfh.
Syn Majesteit de Kening bringt woansdei 16 oktober in wurkbesite oan Ljouwert dat yn it teken stiet fan de Fryske taal en kultuer. Hy bringt in besite oan de Fryske Akademy, Tresoar en de Afûk en sil mei Friezen yn petear oer de betsjutting dy’t de Fryske taal foar harren hat en oer de eleminten […]
Spultsjes foar lyts en grut binne der ek yn it Frysk, sawol digitaal as fysyk.
Praat mar Frysk giet gauris op ‘e kofje by bedriuwen dy’t it Frysk brûke. Wat smyt dat harren op? Besjoch de ûnderfiningen fan kollega-ûndernimmers op de webside fan Praat mar Frysk. Sels ek in Praat mar Frysk-bedriuwsfideo? Stjoer dan in mailtsje.
It Frysk ûntstie yn de iere midsiuwen. Doe krige it stal as aparte taal en begûn it him te ûnderskieden fan oare besibbe Germaanske dialekten, lykas it Aldingelsk.
Neist Frysk en Nederlânsk wurde yn ‘e provinsje Fryslân ek ferskate net-Fryske streektalen sprutsen, dy’t yndield wurde kinne yn twa kategoryen. Yn it foarste plak binne der de Nedersaksyske dialekten, dy’t lânseigen binne yn ‘e súdeastlike râne fan ‘e provinsje.