By de Afûk ferskynt op sneon 10 maaie it prachtige, kleurrike printeboek Anton yn it museum. It is alwer it fyfde berneboek fan skriuwer en yllustrator Mirjam van Houten. It printeboek ferskynt boppedat tagelyk yn it Frysk én yn it Nederlânsk. In grut part fan de prachtige printen yn it boek makken yn de simmer […]
Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûk-side. De moanlikse Afûkside yn de LC en it FD stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut.
‘Tongerfûgels’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân, diskear yn gearwurking mei de Stedsdichter fan Ljouwert, Marrit Jellema. Hjoed, sneon 3 maaie 2025, ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân. Tidens de Deadebetinking op snein 4 maaie yn Ljouwert, wurdt it […]
De Afûk is op it stuit drok dwaande mei de ûntwikkeling fan in nije Fryske Taallear-app, yn gearwurking mei Humain’r – ûntwikkeler fan tûke A.I.-oplossingen foar de Fryske taal. It wurdt de earste app dy’t gebrûk makket fan avansearre AI-technology foar útspraakwerkenning spesjaal foar it Frysk. De Taallear-app is bedoeld foar Nederlânsktaligen dy’t it Frysk […]
Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús BoekeTIP10. In boek fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten! Fansels ha wy ek foar […]
Alle bern út de groepen 7 en 8 fan de basisskoallen yn Fryslân kinne wer meidwaan oan de wedstriid ‘Lytse Gysbert Japicxpriis 2025’! Wa o wa wint dizze kear de fûl begearde Gouden Fear 2025?
Spultsjes foar lyts en grut binne der ek yn it Frysk, sawol digitaal as fysyk.
Wolst it Frysk ferstean, lêzen, praten of skriuwen leare? Of wolst mear witte oer Fryske literatuer of skiednis? Dan bist by de Afûk oan it goede adres. Al mear as 90 jier fersoarget de Afûk kursussen Frysk foar Frysktaligen en net-Frysktaligen, foar jong en âld, yn groepsferbân of online. Wy ha altyd in kursus dy’t […]
Yn de Afûk boek- en kadowinkel yn Ljouwert kinst terjochte foar Fryske boeken, sawol foar folwoeksen as bern, mar ek foar kreamkadootsjes, klean en sûvenirs mei in Frysk tintsje. Boppedat binne der Frysktalige cd’d, dvd’s en games te krijen. En wa’t gek is op Tomke hat yn de winkel ek kar-út!De Afûkwinkel is te finen […]
Tomke is in Frysk foarlês- en taalstimulearringsprogramma foar pjutten. It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn de omgong mei jonge bern. Foarlêze, ferskes sjonge, (taal)spultsjes en oandacht foar deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk.