Advysrapport DINGtiid oer Frysk yn it mbû oanbean

Leare & ûnderwiis Oer it Frysk
14 july 2025
Yn it middelber beropsûnderwiis is ferlet fan in stevigere ferankering fan de Fryske taal. Der binne genôch mooglikheden om dat te regeljen. Dat docht bliken út it nijste advysrapport fan DINGtiid, orgaan foar de Fryske taal. Op tongersdei 10 july krigen Harry van der Molen (Firda) en Harry Bevers (VVD) it advys ‘Oan it wurk mei it Frysk: advysrapport oer de posysje en de fersterking fan it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis’ oanbean troch bestjoerder Alex Riemersma fan DINGtiid.

Yn 2022 waard de moasje fan Van der Molen en Bevers (doedestiids beiden Twadde Keamerlid), om ûndersyk te dwaan nei it Frysk yn it mbû, unanym oannommen. Yn oparbeidzjen mei it gearwurkingsferbân Wy binne mbû hat DINGtiid yn 2023 in rjochtingjaande advysbrief oanbean oan BZK en OCW mei dêryn ûnder oaren de oanbefelling om sa gau as mooglik in praktoraat Frysk en meartaligens foar it mbû yn te stellen. Dat advys is ûnderwylst útfierd mei de oanstelling fan dr. Lysbeth Jongbloed-Faber as praktor “Fryske taal en geletterdheid yn in meartalige kontekst” mei yngong fan 1 maaie. Oanslutend is ferdjipjend ûndersyk dien, dêr’t de resultaten no fan presintearre wurde.

Haadline út it advys fan Dingtiid is: Mbo is in missende skeakel yn de trochgeande learline, der is ferlet fan in stevigere ferankering fan de Fryske taal.
Yn Fryslân is by in soad professionals yn praktyske beroppen yn it midden- en lytsbedriuw (MKB) it Frysk meastentiids de fiertaal, sawol mei klanten en saaklike relaasjes as ûnder kollega’s. Elkenien hat dus ferlet fan Frysk ferstean en prate. Dat makket it belang fan in goede posysje foar it Frysk op it mbû ek sa grut. Yn de trochgeande learline Frysk – fan it foarskoalsk ûnderwiis oant de universiteit – is it mbû oant no ta de ûntbrekkende skeakel.

DINGtiid-bestjoerder Alex Riemersma is derfan oertsjûge dat it Ryk mei dit advysrapport konkrete oanbefellings krijt om it Frysk op it mbû te boargjen en fierder stal te jaan. “It Frysk as omgongstaal yn de beropspraktyk kin in goede skeakel foarmje tusken bedriuwslibben en it mbû – krekt dêrom is der ferlet fan wetlike boarging fan it Frysk yn de mbû-ynstellings.”

Lês it hiele advys hjir op de website fan DINGtiid.