Afûk en de Bloeiwiken litte it Frysk bloeie!
Bloeiwiken is in inisjatyf fan Fryslân Bloeit. It rjochtet him op doarpen en wiken en is in gearwurking tusken Freonen fan Fossylfrij Fryslân, Stichting Duurzame Gemeenschappen en Arcadia. De Bloeiwiken binne wiken fol aktiviteiten yn it ramt fan sûnens, sosjale koheezje en duorsumens, dy’t organisearre wurde troch de doarpen sels. De Afûk hat him as partner oansluten by dat moaie inisjatyf omdat wy tinke dat omtinken foar taal, taalferskaat en it Frysk de bining tusken minken ûnderling fersterket en harren ek ferbynt mei harren omjouwing, de skiednis en it lânskip. Koartsein: it brûken fan dyn memmetaal draacht by oan dyn wolwêzen!
Foarbylden fan ús aktiviteiten
De aktiviteiten dy’t wy oanbiede, rjochtsje har op ferskillende doelgroepen en ferskate aspekten en nivo’s fan taal. Tink dêrby bygelyks oan: in Fryske kroechkwis, in miny-kursus Frysk praten of skriuwen, in workshop taalpsychology, in poëzyworkshop foar skoalbern troch Arjan Hut, in foarlêsmoarn mei de Berneboeke-ambassadeur, in talekafee, ensafuorthinne. Mar ek buordsjes mei Fryske teksten dy’t betocht binne troch de ynwenners en rûnom yn it doarp pleatst binne. Ofrûne simmer ha wy al yn ferskate doarpen sokke aktiviteiten organisearre: yn Kollumersweach-Feankleaster, Akkrum-Nes, Sint Nyk, Ljouwert-binnenstêd en Jelsum-Koarnjum. De foto’s jouwe in yndruk fan de ferskate aktiviteiten.
- Dichtworkshop troch Arjan Hut oan groep 5 fan basisskoalle It Klimmerblêd yn Sint Nyk
- Taalpriuwke Frysk en Psychology fan dyn taal, yn Akkrum
- Iepen dei Fryslân Bloeit yn Bouwurk Arcadia, Ljouwert
- Prate oer memmetalen en moaie wurden yn it Talekafee yn Ljouwert
- Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen lêst foar op berne-opfang Dondersteen yn Kollumersweach
- It Frysk smakket goed! 😉 Fryske boekjes foarlêze op de berne-opfang yn Kollumersweach
Al ús aktiviteiten hawwe in soad positive reaksjes oplevere en drage by oan it gefoel fan mienskip. Dêrneist hawwe se laat ta nije inisjativen bûten de Bloeiwiken om, lykas Fryske kursussen yn de doarpen sels. Dêrom wolle wy de kommende tiid graach fierder gean mei dizze aktiviteiten.
Mei ús yn de kunde komme?
Organisearret dyn doarp in Bloeiwike en wolst it Frysk dêr in moai plak yn jaan? Of hast oare ideeën foar it Frysk yn dyn doarp en wolst witte wat wy foar dy betsjutte kinne? Nim dan kontakt mei ús op fia ynfo@praatmarfrysk.nl. Wy tinke graach mei dy mei!





