Afûk komt mei Fryske Taallear-app. Meld dy oan foar de waitlist!
De Fryske Taallear-app is no noch folop yn ûntwikkeling en sil ein dit jier lansearre wurde. Om de ynhâld goed oanslute te litten by de winsken fan takomstige brûkers, sykje wy nijsgjirrige en entûsjaste taalavonturiers dy’t meitinke wolle oer de ynhâld fan de app. Dêrfoar is no in saneamde ‘waitlist’ oanmakke. Troch dy oan te melden foar de waitlist bliuwst op ’e hichte fan de ûntwikkelingen, wurdst frege om mei te tinken en te testen én krijst as earste tagong ta de app sadree’t dy beskikber is.
Sita Postma, Haad Underwiis by de Afûk: “Mei de app kinne minsken aanst op in leechdrompelige wize yn ’e kunde komme mei it Frysk. Sa wolle wy de taal fitaal hâlde. De app kin in smaakmakker wêze foar in besteande kursus Frysk, mar kin ek wurkje as opfrisker by of nei in kursus.”
Gearwurking
Foar de ûntwikkeling fan de Taallear-app wurket de Afûk nau gear mei Humain’r, it Ljouwerter bedriuw dat A.I.-ymplemintaasje ienfâldich, feilich en effektyf makket foar organisaasjes. Domenique van der Niet, direkteur fan Humain’r: “Door gebruik te maken van state-of-the-art AI en digitale pedagogiek, wordt een leermiddel gecreëerd dat niet alleen effectief is in het overbrengen van taalkennis, maar ook boeiend en interactief voor gebruikers. Het platform van Humain’r maakt bovendien continue verbetering mogelijk. Het cursusaanbod kan zich aanpassen aan de voortgang en behoeften van individuele gebruikers, evenals aan veranderingen en nieuwe ontwikkelingen in de Friese taal.”
De realisaasje fan de Taallear-app wurdt mei mooglik makke troch in finansjele bydrage fan de provinsje Fryslân.
Waitlist
Wolsto Frysk leare op in leuke, praktyske en ynnovative manier? Dan is dit dyn kâns! Meld dy oan foar de waitlist en ûntdek de app noch foar de offisjele lansearring! Folje dyn namme en e-mailadres yn op www.taalhelp.frl/waitlist, dan ûntfangst in mailtsje mei dêryn mear ynformaasje.