Foto: flyer ‘Nationaal Voorleesrecord’

100 oeren fol ferhalen yn dbieb Ljouwert

23 juny 27 juny 2025

Yn de ‘Week van de Friese Preventieaanpak’, tusken 23 en 28 juny 2025, wurdt it Nasjonaal Foarlêsrekôr fêstige. De rekôrpoging wurdt organisearre fanút de Fryske Previnsje-oanpak en fynt plak yn dbieb yn Ljouwert. Der wurdt 100 oeren hieltyd foarlêzen troch 200 minsken dy’t elk in healoere foarlêze. Mei dit evenemint wol de organisaasje de positive effekten fan foarlêzen ûnder de oandacht bringe. De hiele wike binne jo fan herte wolkom om foarlêzen te wurden, dei en nacht. Tusken 7.00-19.00 oere wurde der berneboeken lêzen, jûns en nachts is it tiid foar folwoeksen sjenres. Moandei 23 juny lêze kollega’s fan de Afûk foar fan 11.30 oant 17.30 en op woansdei 25 juny trefst ûnder oaren de Berneboeke-ambassadeur!