Tomke, Yana Yu en Romke fiere Sint Marten

11 novimber is de dei

11 novimber

Hjoed is wer it safier: 11 novimber! In feest foar jonge bern. Sjonge jim wolris in Frysk ferske oan ‘e doar? Sjoch ris op Tomke.nl foar ynspiraasje. Fynst der ek oare leuke (knutsel)dingen om mei Sint Marten te dwaan: nifelje bygelyks in Tomke lampion of meitsje sa’n moaie rúttekening of kleurplaat om yn de goeie stimming te kommen. Foar dat en mear giest nei webside fan Tomke of sjoch op heitenmem.frl. In soad plezier fannejûn!