1e en 2e Krystdei

25 desimber 26 desimber 2025

Bûten is it donker en kâld mar binnen is it waarm en smûk. Us advys: begraaf dy lekker mei in steapel boeken op de bank. Yn ús boek- en kadowinkel oan de Boterhoek 3 yn Ljouwert en/of yn ús websjop fynst in hieieiel soad boeken dy’t it lêzen mear dan wurdich binne! Enne, in moai boek is fansels ek super leuk om kado te dwaan #dochinboekkado. Fansels pakke we dyn kado of kadootsjes moai yn. PS op tongersdei 25 en freed 26 desimber is ús winkel ticht. Bestellings yn de websjop wurde op moandei ôfhannele. Wy winskje elkenien noflike Krystdagen!