Musical Master Gysbert ‘It Boalsert Mystearje’
Musical Master Gysbert is wer los mei de skoalfoarstellingen yn de Broeretsjerke yn Boalsert. In humoristyske foarstelling dy’t giet oer de Fryske taal, it klimaat en ‘it ranende pompeblêdhert’. Musical Master Gysbert ‘It Boalsert Mystearje’ is in produksje fan FET, Frysk en teäter. Troch de Fryske taal mei teäter te ferbinen en dit oan te bieden oan skoallen, komt de Fryske taal op in boartlike wize by de bern. De foarstelling sit fol mei taalgrappen, aktualiteiten en Fryske songs. ‘It Boalsert Mystearje’ spilet noch o/m 10 novimber. Skoallen kinne fergees ynskriuwe om by de foarstelling te wêzen. Ynskriuwe, tickets en mear op: www.mastergysbert.frl