Foto: Afûk

Afûk winkel yn Dickens sfear!

15 desimber
| 10:30 - 22:00

Hjoed en moarn binne de Charles Dickens dagen yn Ljouwert. Ek ús boek- en kadowinkel is op sneon 15 desimber hielendal yn Viktoriaanske sfearen! Meitsje in moaie foto fan dysels of de hiele famylje yn ús koets, waarmje dysels even op mei in beker waarme sûkelademolke en lit dy ferliede troch it brede oanbod boeken en kado-artikels yn ús winkel dyt’st dêrnei fansels ôfrekkenst mei ien fan ús ‘Dickens’ styled’ meiwurkers. Wy binne dy dei iepen fan 10.30 oere oant 22.00 oere!