Afûkwinkel ticht

2 jannewaris

Yn ferbân mei it balânsjen – it tellen fan de foarrieden – is ús winkel hjoed ticht. Winkelje yn ús websjop kin fansels wol. Fan tiisdei 3 jannewaris ôf kin elkenien wer op de gebrûklike tiden by ús yn de winkel oan de Boterhoek yn Ljouwert telâne. Sjoch hjir foar de winkeltiden. Leveransiers en oaren dy’t wat by ús bringe of helje moatte, kinne fansels by ús telâne. Ek binne wy tidens kantoaroeren telefoanysk berikber fia 058-2343070 of fia de mail ynfo@afuk.frl.