Artist impression BOSK

Arcadia

7 maaie 14 augustus 2022

De organisaasje fan Ljouwert-Fryslân 2018 (Kulturele Haadstêd 2018) bringt yn 2022 de earste edysje fan de triënnale Arcadia. Dat ferfolch op LF2018 bestiet út in 100 dagen duorjend kultureel programma, wêrmei’t de organisaasje omtinken freget foar de takomst fan de mienskip, lânskip en erfguod. In kuierjend BOSK yn de strjitten fan Ljouwert, in ynternasjonale, byldzjende keunsttentoanstelling PARADYS yn it grien fan Oranjewâld en in provinsjebreed mienskipsprogramma oer IISbanen, sels en meielkoar dwaan, en klimaatferoaring. Sjoch www.arcadia.frl foar mear ynformaasje.