Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

BBA by feestlike oanbieding lêskisten OBS it Bynt

14 april

Hjoed is de Berneboeke-ambassadeur op OBS it Bynt yn Winsum. Tialda komt by trije klassen del en sil dêr fertelle, foarlêze en fragen beäntwurdzje. Ek meie de learlingen sels oan de slach mei har eigen Fryske ferhaal. Mar dat net allinnich! De hiele skoalle kriget hjoed feestlik de earste lêskiste oerlange út hannen fan de Berneboeke-ambassadeur en wethâlder René de Vries. Want alle skoallen yn de gemeente Waadhoeke krije fergees sa’n lêskiste fol mei boeken oanbean. Dat is moai materiaal om mei te wurkjen!