Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

BBA by Krêft yn Kollektyf

11 april

By de Fryske Wike fan de skoallen fan Stichting KYK – Krêft yn Kollektyf – wurdt it Frysk efkes goed yn it sintsje set. Oan de Berneboeke-ambassadeur de eare om dizze wike op 30 skoallen te iepenjen mei in fleurich filmke. Dan is der fiif dagen lang in programma mei fan alles en noch wat rûn it Frysk. Ien fan de ûnderdielen is in wurkwinkel fan de Berneboeke-ambassadeur. Ek dogge de learlingen mei oan in gedichtewedstryd. Welk gedicht it moaiste is? Dêr mei de sjuery – de Berneboeke-ambassadeur, direkteur en bestjoerslid – har oer bûge.