Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

BBA by Krêft yn Kollektyf

7 april

By de Fryske Wike fan de skoallen fan Stichting KYK – Krêft yn Kollektyf – wurdt it Frysk efkes goed yn it sintsje set. Oan de Berneboeke-ambassadeur de eare om dizze wike op 30 skoallen te iepenjen mei in fleurich filmke. Dan is der fiif dagen lang in programma mei fan alles en noch wat rûn it Frysk. Ien fan de ûnderdielen is in wurkshop fan de Berneboeke-ambassadeur. Ek dogge de learlingen mei oan in gedichtewedstryd. Hokker gedicht it moaiste is? Dêr mei de sjuery – besteande út de BBA, de direkteur en in bestjoerslid – har oer bûge.