Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

BBA by útrikking Lytse Gysbert

11 oktober

Op 11 oktober wurdt de Gysbert Japicxpriis foar poëzie wer útrikt yn Frjentsjer. Lykas alle jierren is der ek in wedstryd foar learlingen fan de basisskoalle. Learlingen op ferskillende skoallen folgje in workshop poëzie skriuwen en skriuwe harren beste gedicht. Yn de sjuery sit ûnder mear de Berneboeke-ambassadeur. Sy makket mei oaren in kar foar it bêste gedicht. Alle dielnimmers wurde yn it sintsje set! En de winner fan de wedstryd fansels noch it meast, hjoed op dizze feestlike dei.