Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

BBA del by de Leeuwarder Schoolvereniging

20 novimber

Frysk yn Ljouwert! Hjoed giet de Berneboeke-ambassadeur del by de Leeuwarder Schoolvereniging. Sy wolle mear oandacht foar it Frysk. Net alle bern sprekke it, net elkenien kin it goed ferstean. Spesjaal foar meartalige skoallen hat de Berneboeke-ambassadeur dêrom ek in moai programma.

Alle skoallen yn de gemeente Ljouwert krije fergees in lêskiste mei Fryske boeken oanbean. Dat is moai materiaal om mei te wurkjen! No, foar de Berneboeke-ambassadeur en letter, foar de learlingen en learkrêften.