BBA is Sjuerylid by Read2Me yn Drachten
Yn de ‘Beste bieb van Nederland’ is de Berneboeke-ambassadeur hjoed sjuerylid fan de foarlêswedstryd Read2Me. Tsien dielnimmers nimme it tsjin elkoar op yn Drachten, yn in seal mei wol fjirtich harkers. Spannend! Wa fan de brêgeklassers mei in ronde fierder en nochris foarlêze?