BBA lêst foar by ‘Licht op Drachten’
Yn Drachten is dit jier foar de twadde kear it lichtfestival ‘Licht op Drachten’. De ûndertitel dit jier is ‘Licht is leven’, ynspirearre op Albert Einsteins observaasje dat ‘Wy allegearre libben binne dat besiket te libjen te midden fan oar libben dat besiket te libjen.’ Neat is sa smûk as foarlêzen te wurden by sa’n kuier! De Berneboeke-ambassadeur sit dêrom op 27 en 30 novimber yn in waarm ferljochte plak klear mei de moaiste Fryske berneboeken.