BBA lêst mei by Nasjonale Foarlêsrekôr

25 juny

Tidens de Wike fan de Previnsje, tusken 23 en 27 juny, wurdt it Nasjonale Foarlêsrekôr fêststeld. De rekôrpoging wurdt organisearre út de Fryske previnsje-oanpak wei en fynt plak yn dBieb yn Ljouwert. Der wurdt 100 oeren achterinoar foarlêzen troch 200 minsken dy’t elk in healoere foarlêze. Dei en nacht, yn hokker taal dan ek. De Berneboeke-ambassadeur is der ien fan en is op 25 juny middeis te hearren as sy foarlêst út har boek ‘Abe en de aardichman’. Mear ynfo fia www.friesepreventieaanpak.nl/voorleesrecord.