BBA nei Oentsjerk en Gytsjerk

14 oktober

Hoewol ‘t de Kinderboekenweek foarby is, giet dy dochs noch lekker eefkes troch yn Oentsjerk (de Opstap) en Gytsjerk (Thrimwalda)! It tema is dit jier ‘Op avontuur’. De Berneboeke-ambassadeur komt mei in steapel avontuerlike Fryske berneboeken op de skoallen en sil foarlêze, fertelle en fragen beäntwurdzje. Learlingen meie in avontuerlik ferhaal betinke! En: foarich jier ha de skoallen fergees in moaie lêskiste krigen fan de gemeente, dat nei myn besite kinne se fierder mei (foar)lêzen!