BBA nei SBO De Twine yn Dokkum
Op De Twine, skoalle foar spesjaal basisûnderwiis, wolle se graach mear mei it Frysk dwaan. Mar wat ast lêzen lestich fynst? Wat ast net lang stilsitte kinst. Wat ast wol fan foarlêzen hâldst, mar dat de ferhalen net te yngewikkeld én net te bernich wêze meie? De Berneboeke-ambassadeur tinkt mei! Sy komt hjoed del by alle 15 groepen mei nijsgjirrige en passende boeken, en past it Frysk ta yn it deistige. Wy sille ferskes sjonge, bygelyks.