Foto: Marleen Annema

BBA op besite by De Arke yn Nijbeets

29 septimber

Fan ’e moarn is de BBA op besite by CBS De Arke yn Nijbeets. Yn de groepen 3/4 en 7/8 sil sy foarlêze, fertelle en fragen fan de bern beäntwurdzje oer de tsien boeken út de Lêskoffer en har eigen wurk. Mei de boppebou giet se ek efkes oan de slach mei in kreative skriuwopdracht. Wolle jim de BBA ek ris útnûgje? Sjoch foar mear ynformaasje en opjaan op www.berneboekeambassadeur.frl.