Foto: Marleen Annema

BBA op besite by De Blinker yn Snits

5 oktober

Hjoed giet de Berneboeke-ambassadeur (BBA) nei Daltonskoalle De Blinker yn Snits. Yn de groepen  1 oant en mei 6 fertelt se oer it skriuwproses en de boeken út de Lêskoffer. Se docht ek in ymprovisaasje-opdracht mei de bern, wêryn’t dy sels de haadrol spylje. Wolle jim de BBA ek ris útnûgje? Sjoch foar mear ynformaasje en opjaan op www.berneboekeambassadeur.frl.