Foto: Afûk, Elske Roorda

BBA op besite by De Meiboom yn Warns

28 septimber

Hjoed giet de Berneboeke-ambassadeur (BBA) nei BSO De Meiboom yn Warns om yn de groepen 3 oant ’e mei 8 te fertellen, foar te lêzen en fragen te beäntwurdzjen. Nei ôfrin krije de bern allegear de spesjale BBA-boekelizzer kado. De BBA kin útnûge wurde op skoallen, yn biblioteken en boekhannels, op boekedagen, by ferienings, foarlêswedstriden en foardrachtsfestivals. Sjoch foar mear ynformaasje en opjaan op www.berneboekeambassadeur.frl.