Foto: Afûk, Elske Roorda

BBA op besite by De Oerdracht, Eksmoarre

21 juny

Hjoed komt de Berneboekeambassadeur (BBA) del op CBS De Oerdracht yn Eksmoarre. Se lêst foar, fertelt oer har eigen boeken en dy fan har kollega’s, beäntwurdet alle fragen dy’t de bern ha en giet mei de boppebou kreatyf oan de slach. De BBA kin útnûge wurde op skoallen, yn bibeteken en boekhannels, op boekedagen, by ferienings, foarlêswedstriden en foardrachtsfestivals. Sjoch foar mear ynformaasje en opjaan op www.berneboekeambassadeur.frl.