Foto: Elske Roorda, Afûk

BBA op besite by De Opstekker op de Tynje

28 septimber

De Opstekker op de Tynje ûntfangt hjoed de Berneboeke-ambassadeur. Sy sil yn de groepen 3, 4 en 7 foarlêze, fertelle en fragen fan de bern beäntwurdzje oer de tsien boeken út de Lêskoffer en har eigen wurk. Se giet ek efkes mei de bern oan de slach mei in pear skriuw- en tekenopdrachten. De BBA kin útnûge wurde op skoallen, yn bibeteken en boekhannels, op boekedagen, by ferienings, foarlêswedstriden en foardrachtsfestivals. Foar mear ynformaasje en opjaan sjochst op www.berneboekeambassadeur.frl.